Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Auwerk
Rigel 13:
As wichtichste oarsaak foar it ûntstean fan dy frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens tsjinoer de lânshearen dat harren stadichoan ûntwikkele en op it ein fan de [[11e ieu]] as gefolch fan de hieltyd werom kearende twisten oer de greeflike rjochten.
 
De deaslach op greve [[Arnulf]] yn [[993]] liket it earste teken fan de ''Libertas'' fan de Friezen. Dizze Fryske greefgraaf sneuvele doe't er probearebesocht de opstannige ûnderdienenlju fan him ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve [[Hindrik de Fette]] yn [[1101]] wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de ''Fryske frijheid''.
 
Dy Frijheid waard op 3 novimber [[1248]] troch de Roomske Kening [[Willem II fan Hollân|Willem II]] oan de Friezen befêstige. Dat die er neidat er help krige hie fan de Friezen by it belis fan de stêd [[Aken (stêd)|Aken]]. Hy wie nammentlik tsjin-kening fan it [[Freark II fan it Hillige Roomske Ryk|Hillige Roomske ryk]], tsjin de kroande keizer [[Freark II]]. Yn [[1417]] waard de Fryske Frijheid op 'e nij befêstige, mar nor troch in foarst sûnder tsjinfoarst, keizer [[Sigismund fan it Hillige Roomske Ryk|Sigismund]], dy't Fryslân ta ''ryksûnmidlik'' gebiet ferkleare. Tsjin disse befêstigings fan de Fryske Frijheid oer stiet lykwols dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, lykas yn de 14e ieu [[Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk|Loadewyk IV]] oan de grêven fan [[Hollân]].