Ferskil tusken ferzjes fan "Foekje Dillema"

gjin bewurkingsgearfetting
Troch Foekjes manlike eigenskippen waard se troch in soad lju, mei op de earste plak [[Jan Blankers]] en [[Fanny Blankers-koen]], as bedriger sjoen. Yn [[1950]] waard, op inisjatief fan [[Jan Blankers]] een seksetest organiseare, wêrby neist Foekje noch 4 oare hurdrinsters ûndersocht waarden as se wol echt frou wiene. It frapante hjirfan is dat twa fan dizze froulje al bern krigen hiene. It wie dus in folsleine opsette aksje om Foekje út te skeakeljen. De útslach fan dit 'gynakologyske' ûndersyk waard Foekje ferteld doet sy op [[13 juli 1950]] ûnderweis wie mei it Nederlânske atletiekteam nei in ynternasjonale atletiek wedstryd yn Frankryk. [[Jan Blankers]] tegearre mei noch twa mannen fan de KNAU fertelden har op it perron fan [[Hilversum]] dat se skorst wie foar it libben, fanwege it feit dat se gjin frou wie.
Foekjes nationale titels en rekords binne troch de KNAU út de boeken helle. Se mocht net mei nei de Olympyske Spelen fan Helsinkie. Foekje hat nea wer oer har tige kuorte atletiekkarriere prate wollen.
 
== Boarnen ==
* {{Aut|Max Dohle}} - Het verwoeste leven van Foekje Dillema, de grootste tragedie van de Nederlandse sportgeschiedenis; Het sporthuis, 2008
102

bewurkings