Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
De Alvestêdentocht waard al geregeld ferriden troch reedriders yn de [[19e ieu]]. Op oanstean fan de sportpionier [[Pim Mulier]] waard op [[2 jannewaris]] [[1909]] de earste Alvestêdetocht hâlden, organisearre troch it [[Fryske Iisbûn]].
 
It Iisbûn woe it by dizze iene kear hâlde. Dêr wie de [[Ljouwert|ljouwerterLjouwerter]] abbekaat [[Mindert Hepkema]] it net mei iens en tegearre mei in tal oare entûsjaste Friezen hat er in pear dagen letter, op [[15 jannewaris]], de feriening ''De Fryske Alve Stêden'' oprjochte. It doel wie it befoarderjen fan de iissport en it jierliks organisearjen fan in Alvestêdetocht at dit mooglik is. Hepkema wie ek de earste foarsitter.
 
Op 15 jannewaris [[2009]] bestie de Fryske Alve Stêden 100 jier. Yn it ramt fan dit hûndertjierrich bestean makke [[Kommissaris fan de Keninginne]] fan [[Fryslân]] [[John Jorritsma]] op die dei bekent dat de organisaasje it predikaat [[predikaat Keninklik]] krige. Sûnt doe is de namme fan de feriening: ''Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden''.
 
==Foarsitters==