Substraattaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 jun 2005 om 16.47

In substraattaal is in taal dy't yn in beskate krite belies jûn hat foar in oare taal, de superstraattaal. Sjoch ek adstraattaal.

Foarbylden

Foar de Angelsaksyske ynvaasje waard yn Ingelân Keltysk praat. It Ingelsk hat dêr dus in Keltysk substraat. Foar 't de Germanen troch de Limes brieken, waard yn Súd-Dútslân nei alle gedachten in Romaanske taal praat. It Dútsk hat dêr dan in Romaansk substraat.

Resten

Oer de substraattaal fan it Frysk, ek wol Protofrysk neamd, is noch net folle bekend. Dat sil komme moatte fan rekonstruksje út resten. Dêrby wurdt yn earste plak sjoen nei wurdfoarmen dy't net oan'e Germaanske lûdferskowing meidien hawwe.
Sa is de Yndogermaanske p oan it wurdbegjin yn alle Germaanske talen ta f wurden (Latynsk pellis wurdt ta Frysk fel). As der yn it Frysk wurden foarkomme mei p oan it wurdbegjin dy't net fan lettere ûntliening of fan lûdneibauwen ôfkomstich binne, dan sil it dus om substraatwurden gean.
Mûglike foarbylden binne: paad en poel.
Boppedat kin de substraattaal noch sitte yn âlde plaknammen (b.g. Peazens) of yn tradisjonele persoansnammen. Oft by de taalferoaring ek tocht wurde moat oan in feroaring fan befolking is ûnwis.