Fariseeërs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: bg:Фарисеи
Jeruzalem
Rigel 5:
Neidat it keningshûs fan de [[Hasmoneeën]] ek it [[Hegepryster|hegeprysterskip]] nei harren talutsen en neidat sy harren hieltyd mear ynlitten hienen mei it [[hellenisme]], kearden de Fariseeërs harren tsjin de keningen. Under kening [[Aleksander Janneüs]] ([[104 f.Kr.|104]]-[[78 f.Kr.]]) late dat ta fûle konfrontaasjes en ferfolging fan de Fariseeërs. De opfolchster fan Aleksander [[Salome Aleksandra]] (78-[[69 f.Kr.]]) begeunstige harren lykwols en joech harren sels in plak yn it [[Sanhedrin]]. Alhoewol't harren politike macht nea grut west hat lykas dat fan [[Sadduseeën]], de partij fan de elite, wienen de Fariseeërs benammen dyjingen dy't de de publike opiny beynfloedzje koenen.
 
De Fariseeërs hawwe in grutte rol spile by de [[Joadske Opstân]] ([[70]] na Kr.) tsjin it [[Romeinske ryk|Romeinske]] gesach. Sy koenen mei súkses de Romeinen in skoftlang út [[JerusalemJeruzalem]] ferdriuwe. Ien fan harren lieders [[Flavius Josepus]], dy't finzen nommen waard troch de Romeinen, hat oer dizze skiednis in boek skreaun, dat ús in soad ynformaasje jout oer de Fariseeërs.
 
Nei de Joadske opstân en de dêrop folgende diaspora bleaune de Fariseeërs as Joadske streaming bestien. Troch harren bleau de Joadske godstsjinst bestean en sonttiid komt harren leauwen nei foaren yn de [[talmoed]].