Taksonomy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
Taksanammen; koppen
Rigel 1:
'''Taksonomy''' is de [[wittenskip]] fan it yndielen. Taksonomy ferwiist sawol nei de klassifikaasje fan dingen as nei de metoade dy't oan de basis fan dizze klassifikaasje leit. SawatHast alles kin taksonomysk yndield wurde: libbene wêzens, dingen, plakken, foarfallen en gean sa mar troch.
 
== Biologyske taksonomy ==
Yn de [[biology]] giet it benammen om it yndielen fan [[bist]]en en [[plant]]en yn groepen op grûn fan harren natuerlike ferwantskip. Ek de termen ''systematyk'' en ''kladistyk'' wurde hjir wol foar brûkt.
 
=== Anatomy ===
De biologyske taksonomy giet werom op [[Carolus Linnaeus|Linnaeus]] yn de [[18e ieu]] en wie yn earste ynstânsje basearre op ''[[anatomy|anatomyske fergeliking]]'' fan libbene wêzens, bisten, planten ensfh. Dit oarspronklike systeem dielde de wêzens yn yn [[soartsoarte]]enn (''species''), [[geslachtskaai]]en (''genus''), [[famylje]]s ('' familia''), [[oarderskift]]sen (''ordo''), [[klasse]]n (''classis''), [[stam]]men (''phylum'') en [[ryk|riken]] (''regnum''), mar der waard oannommen dat soarten ûnferoarlik wiene.
 
=== Fossilen ===
Oer dizze yndieling ûnstie yn de 19e ieu in soad diskusje, omdat troch de [[evolúsje]]teory fan Darwin oan dizze yndieling in nije diminsje tafoege waard, nammentlik dy fan ''stamferwantskip''. Ek de stúdzje fan fossilen kaam yn dy tiid op. De faktor tiid en wannear der sprake is fan ferskillende soarten waarden belangrike ûnderwerpen fan diskusje. De klassike yndieling blykte op in soad punten net krekt te wêzen.
 
=== DNA ===
Yn de lêste jierren fan de [[20e ieu]] kaam der in tredde boarne fan ynformaasje beskikber, '''[[DNA]]-ferwanskip''', meast fan libbene wêzens, mar ek fan in tal noch net al te lang lyn útstoarne soarten. De gefolgen fan dizze nije revolúsje binne no ([[2004]]) noch mar foar in part te oersjen.
 
=== Tapassing ===
'''Moderne ûntwikkelingen'''
 
Yn de moderne taksonomy wurdt besocht út dizze trije haadboarnen fan ynformaasje (anatomy, fossile foarmen en genetika) in sadanige systematyk op te setten, dat der allinne groepen ('''taksa''', inkelfâld '''takson''') binne dy't ''monofyletysk'' binne, dat wol sizze dat:
* de groep fan ien stamfoarm ôfstamt en
* alle ôfstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.
 
In takson dat net oan de earste eask foldocht wurdt ''polyfyletysk'' neamd, en in takson dat wol oan de earste mar net oan de twadde eask foldocht wurdt ''parafyletysk'' neamd. Fierder hat men yn guon foarmen fan taksonomy de organisaasjelagen heger as geslacht, mar ôfskaft, omdat der geandewei mear tuskenlagen en laagjes by kamen. (superoarderboppeskift, suboarderûnderskift, superfamyljeboppefamylje, subfamyljeûnderfamylje ensf.)
 
Probleem is lykwols dat guon taksa, dy't noch stamme út de tiid fan Linnaeus, sa ynboargere binne dat se diel út meitsje fan de deistige taal en dêrom beswierlik ôf te skaffen binne. In foarbyld dêrfan is de Klasse Reptilia. [[Reptyl|'Reptilen']] binne in sa ynboargere begryp dat se in diel fan it gewoane spraakgebrûk wurden binne. Taksonomysk is de Klasse Reptilia net akseptabel omdat bygelyks de fûgels dêryn misse, hoewol ek dy ôfstamme fan de lêste mienskiplike foarâlden dy't de tsjintwurdige slangen, krokodillen skylpodden ensf. mien hawwe. Reptilia is dêrmei in parafyletyske takson.
Line 24 ⟶ 27:
De taksonomy is dêrom anno 2003, ûndanks in histoarje fan 300 jier, in libben gebiet fan ûndersyk en stúdzje.
 
'''== Kompjûterstjoerde taksonomyen''' ==
 
De lêste jierren wurdt der yn de fakgebieten [[ynformatika]] en [[kunstmjittige yntelliginsje]] besocht in kompjûter automatysk in taksonomy meitsje te litten fan fan in samling objekten. In bekend foarbyld is it automatysk klassifisearjen fan in groep dokumenten, bygelyks foar digitale biblioteken.