Muorre fan Antoninus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
noch in foto by
Rigel 10:
De Mourre fan Antoninus wie in stik minder goed boud as de Hadrianswâl, mar noch altyd massyf en yndrukwekkend. Yn amperoan twa jier waard it kompletearre en ynrjochten as de noardlikste grins fan it Romeinske Ryk yn wat sy as in kâld en ferlitten lân beskôgen. De muorre seach derút as in grutte ierden wâl fan goed fjouwer meters heech, mei oan de noardkant in wide gracht en in Romeinske militêre wei dy't der flak efter rûn. De Romeinen bouden om de twa miles in fort. It best oerbleaune fort mar ek yn fan de lytsten is dy fan [[Rough Castle Fort]].
 
[[Image:Antonine.Wall.Scotland.02.JPG|thumb|200px|right|De Antoninus Wâl, Romeinske oerbliuwsels, Barr Hill, tichtby Twechar]]
Krapoan tweintich jier neidat er boud wie, waard de muorre al wer ferlitten. Yn [[164]] lutsen de Romeinen har tebek efter de Hadrianuswâl, en waard it gebiet werom jûn oan stammen dy't der wennen. Nei in rige oanfallen yn [[197]], arrivearre keizer [[Septimius Severus]] yn [[208]] yn Skotlân om de grins yn it noarden op 'e nij feilich te stellen en lit parten fan de muorre reparearre. Dizze besetting soe mar in pear jier duorre, dochs waarde wâl troch lettere Romeinske skriuwers ek wol oantsjutten as de '''Severuswâl'''.