Hindrik de Fûgelder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Hindrik I''' wie de soan fan hartoch Otto de Ferjochte fan Saksen en in pakesizzer fan Liudolf. Yn 919 waart er te [[Fritzlar]] troch de Frankyske en Saksyske oanfierders as kening fan de Eastfranken keazen. Yn fan syn wichtigste taken wie de ferdigening fan it ryk tsjin de hieltyd wer oanfallende Magyaren (Ongaren). Dizze fersloech er earst beskiedend yn 933 by de [[Unstrut]]. Yn datselde jier ûnderwurp er de [[Elbe]]-[[Slaven]] en [[Bohemen]]. Dêrtroch koe er it ryk fan binnenút delbêdzje. Ien fan syn politike doelen wie it meitsjen fan in ryksienhyd. Dit woe er dwaan troch de yn 929 fêstleine Quedlingburger hûswet, dêr't yn fêstlein wie dat syn twadde soan Otto syn direkt opfolger wurde moast. De oare soannen waarden mei in hartochstitel tefreden steld. Mei kening Otto I kaam der ien fan de wichtstige persoanen fan it [[Hillige Roomske Ryk]] op de troan.