Hindrik de Hillige: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 5:
Oars as syn foargonger Otto III konsintreare Hindrik II him op it ryksgebiet noardlik fan de [[Alpen]], hy fierde foaral ferskate kearen oarloch mei Poalen en gie mei tsjinsin trijeris nei Ytaalje. Yn syn tiid kaam it ta in yntinsivearing fan it keningsbewâld. Fan binnenút makke Hindrik it ryk fêster troch neiere persoanlike en politike bannen mei de tsjerke. Troch skinkings en nije stiftings soarge hy derfoar dat de bisdommen fêste punten fan de keninklike macht waarden en krige hy derfoar tsjinstbetoan foar werom. Hy besocht boppedat de keninklike macht fan it rykskleaster, dy't in part fan it ryksleger levere, fuort te sterkjen. Yn 1007 stifte hy in bisdom yn Bamberg, in stêd, dy't net as in oare stêd mei syn namme ferbûn is.
 
De kroanyk fan [[Thietmar fan Merseburg]], dy't troch de kening yn 1009 as bisskop fan [[Merseburg]] beneamt waard, jild as wichtigste boarne oar Hindrik II en syn tiid. It wurdt foar de tiid fan Hindrik II sels as haadoerleavering besjoen.