Hindrik de Hillige: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kategory
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
Rigel 1:
'''Hindrik II''', mei de bynamme '''de Hillige''' ( Bad Abbach by [[Hildeheim]], [[6 maaie]] [[973]] of [[978]] - [[Grone]], [[13 july]] [[1024]] ), wie sont [[1002]] kening fan it Eastfrankyske ryk (Regnum Teutonicorum) en keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]] fan [[1014]] - [[1024]].
 
Hy wie de soan fan de Beierske hartoch Hindrik II, "de Rûzjesiker", en syn frou Gisela. Hy wie de oerpakesizzer fan Hindrik I en stamde sadwaande út de Beierske sydline fan de [[Ottoanen]]. Nei't er op [[9 july]] [[1002]] as Eastfrankyske kening kroane wie, kroane paus Benediktus VIII him op [[14 febrewaris]] [[1014]] as keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Hindrik II wie mei keizerinne Kunigunde boaske. Hja krigen gjin bern. Dêrtroch wie Hindrik II de lêste keizer út it laach fan de Ottoanen.
 
Oars as syn foargonger Otto III konsintrearre Hindrik II him op it ryksgebiet noardlik fan de [[Alpen]], hy fierde foaral ferskate kearen oarloch mei Poalen en gie mei tsjinsin trijeris nei Itaalje. Yn syn tiid kaam it ta in yntinsivearring fan it keningsbewâld. Fan binnenút makke Hindrik it ryk fêster troch neiere persoanlike en politike bannen mei de tsjerke. Troch skinkings en nije stiftings soarge hy derfoar dat de bisdommen fêste punten fan de keninklike macht waarden en krige hy dêr tsjinstbetoan foar werom. Hy besocht boppedat de keninklike macht fan it rykskleaster, dy't in part fan it ryksleger levere, fuort te sterkjen. Yn [[1007]] stifte hy in bisdom yn Bamberch, in stêd, dy't net as in oare stêd mei syn namme ferbûn is.
 
Yn 1010 skonk hy Sillva Fulnaho (it wâld fan [[Vollenhove]]) oan it bisdom Utert. Dit wie feitlik it begjin fan it Oersticht.
De kronyk fan [[Thietmar fan Merseburg]], dy't troch de kening yn 1009 as biskop fan [[Merseburch]] beneamdt waard, jild as wichtichste boarne oar Hindrik II en syn tiid. It wurdt foar de tiid fan Hindrik II sels as haadoerlevering besjoen.
Hy rjochte in soad skoallen op, ferdigene de ryksgrinzen en die war om frede te stiftsjen en de tsjerke ta ûntwikkeling te bringen. Hindrik begûn oan de bou fan de katedraal fan Bazel. Op lettere leeftiid krige hy in ferlamming. Alhoewol't er graag muonts wurde wold hie, bleau hy syn taak fean hearsker folbringen.
 
Hindrik waard, as ienige Dútse keizer, yn [[1146]] hillich ferklearre troch paus Eugenius III. Syn feestdei is op [[13 july]]. Hindrik is beskermhillige fan de bisdommen Bamberch en Bazel, fan de perarsen sûnder bern, fan de keningen en hartoggen en fan de handikepten.
 
De kronyk fan [[Thietmar fan Merseburg]], dy't troch de kening yn 1009 as biskop fan [[Merseburch]] beneamdt waard, jildjildt as wichtichste boarne oar Hindrik II en syn tiid. It wurdt foar de tiid fan Hindrik II sels as haadoerlevering besjoen.
 
[[Kategory:Franken]]