Hindrik de Hillige: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
twa ûnderkopkes oanmakke
Rigel 1:
[[Ofbyld:Kronung Heinrich II.jpg|thumb|240px200px|leftright|Kroaning fan Hindrik II – Miniatuer út in sakremintsboeken fan de keizer]]
'''Hindrik II''', mei de bynamme '''de Hillige''' ( Bad Abbach by [[Hildeheim]], [[6 maaie]] [[973]] of [[978]] - [[Grone]], [[13 july]] [[1024]] ), wie sont [[1002]] kening fan it Eastfrankyske ryk (Regnum Teutonicorum) en keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]] fan [[1014]] - [[1024]].
 
==Libben==
Hy wie de soan fan de Beierske hartoch Hindrik II, "de Rûzjesiker", en syn frou Gisela. Hy wie de oerpakesizzer fan Hindrik I en stamde sadwaande út de Beierske sydline fan de [[Ottoanen]]. Nei't er op [[9 july]] [[1002]] as Eastfrankyske kening kroane wie, kroane paus Benediktus VIII him op [[14 febrewaris]] [[1014]] as keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Hindrik II wie mei keizerinne Kunigunde boaske. Hja krigen gjin bern. Dêrtroch wie Hindrik II de lêste keizer út it laach fan de Ottoanen.
 
Line 9 ⟶ 10:
Hy rjochte in soad skoallen op, ferdigene de ryksgrinzen en die war om frede te stiftsjen en de tsjerke ta ûntwikkeling te bringen. Hindrik begûn oan de bou fan de katedraal fan Bazel. Op lettere leeftiid krige hy in ferlamming. Alhoewol't er graag muonts wurde wold hie, bleau hy syn taak fean hearsker folbringen.
 
==Hillich ferklearre==
Hindrik waard, as ienige Dútse keizer, yn [[1146]] hillich ferklearre troch paus Eugenius III. Syn feestdei is op [[13 july]]. Hindrik is beskermhillige fan de bisdommen Bamberch en Bazel, fan de perarsen sûnder bern, fan de keningen en hartoggen en fan de handikepten.