Fryske flagge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
T.
Rigel 5:
 
== Oarsprong ==
De flagge is nei alle gedachten yn dizze ferzje makke troch de Famylje De Zee te [[Jirnsum]], om [[1895]] hinne, en sa'n twa jier letter yn de hannel brocht. De flag wie nei sizzen makke nei in âlde print fan it Fryske wapen, dy't spitigernôch yn 1923 troch brân ferlern gien is. Sûnt lykernôch 1880 wienen yn inkelte gefallen al eardere flaggen mei sa'n selde motyf brûkt. Dat motyf is oernaam fan de wapens fan de [[FrykeFryske keningen]] sa't dy yn de [[15e ieu]] en letter yn de wapenboeken stiene. It tal banen en pompeblêden wie op de ôfbylden al oars.
Der wienen gauris acht banen, en it tal pompeblêden wie meast alve, al is elts getal van sân oant alve wolris tekene.
In opfallend ferskil mei de hjoeddeiske flagge is dat de lytse baan boppenoan yn de punt yn de ôfbylden altyd wyt is, dêr't dy by de flagge blau is.
Rigel 11:
 
Mar noch âlder dan de wapenboeken is it Noardske [[Gûdrûnliet]], út likernôch de âlfde ieu. Dat ferhellet fan foarfallen út de njoggende ieu, en dêrby wurdt de flagge fan Hear [[Herwik fan Seelannen]] beskreaun, dy't yn wolkeblaue flag mei seeblêden hat.
 
 
== Goedkarring ==