Julius Nepos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sinbou + ferwizing makke
Rigel 10:
[[Ofbyld:628px-Western and Eastern Roman Empires 476AD(3).PNG|left|thumb|300px|West- en East-Romeinske ryk yn 475]]
 
Yn namme wie Nepos keizer oer it hiele grûngebiet fan it eardere West-Romeinske ryk., Feitlikmar feitlik hied er inkeld it bewâld oer de provinsjes [[Itaalje]], [[Dalmaasje]] en parten fan it suden fan [[Galje]]. Hy besocht syn grûngebiet byinoar te hâlden en slagge dêr foar in part yn troch frede te sluten mei de [[Fisigoaten]] en harren kening [[Eurik]]. Hjirmei kearde Súd-Galje werom ûnder Romeinske kontrôle yn ruil foar inkele gebieten, dêr't Nepos toch al gjin sizzenskip mear oer hie. Underhannelings mei [[Geiserik]], de kening fan it [[Fandaalske ryk]] mislearre lykwols. De Fandalen bleauwen Itaalje oanfallen mei piratenskippen.
 
Nepos wie yn alle opsichten de meast bekwame fan de lêste West-Romeinske keizers, mar hy wie net bjuster populêr by de [[Senaat (Rome)|Senaat]]. De Senatoren hienen in hekel oan him, omdat er goeie relaasjes ûnderhâlde mei it East-Romeinske Ryk. Nepos makke ien grutte flater dy't syn ûndergong wurde soe, hy beneamde de net betroubere [[Orestes|Orestes]] as oerbefelhawwer fan it leger.
 
=== Delgong ===
Op [[28 augustus]] 475 griep Orestes de macht yn Ravenna en twong Julius Nepos op 'e flecht. Nepos koe in goed hinnekommen fine yn Dalmaasje en krige stipe fan it East-Romeinske Ryk. Sadwaande koekoed Neposer him hanthavenje tsjinoer Orestes, dy't syn soan Romulus ferheft as nije keizer yn it Westen.
 
Al gau hawwe Orestes en keizer Romulus Augustulus sels te krijen mei opposysje as it Romeinske leger dat foar it grutste part út [[Germanen|Germaanse]] fouderaty bestiet ûnder lieding fan [[Odoaker]] yn opstân komt. As [[Odoaker]] op [[4 septimber]] [[476]] de haadstêd Ravenna ynnimt (en dêrby Orestes deadet en Romulus ôfset) ferklearret hy himsels ta kening fan Itaalje en siket kontakt mei de East-Romeinske keizer [[Zeno fan Byzantium|Zeno]] dêr't er in fredesferdrach mei slút. Hy giet der mei akkoard dat Nepos keizer fan it West-Romeinske ryk is.
 
=== Lêste jierren ===
Dat akkoard hâlde lykwols net lang stân. Nepos makke plannen om de kontrôle oer Itaalje werom te krijen, mar noch foar't er syn plannen útfiere koe, waard er op [[25 april]] [[480]] fermoarde troch syn eigen soldaten. Fuort dêrnei falt Odoaker Dalmaasje binnebinnen en ferslaat it lêste offisjele West-Romeinske leger, dat ûnder leiding stie fan generaal [[Ovida]] op de [[9 desimber|9e desimber]]. Sadwaande waard Dalmaasje in part fan it keninkryk fan Odoaker.
 
==Keppeling om utens==