Marcus Lycklama à Nijeholt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Marcus Lycklama à Nijeholt''' (17 jannewaris 1573 - 9 augustus 1625) wie in bestjoerder en master. Hy wie de pakesizzer fan Lyckle Eables, stamheit fan de famylje ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 feb 2009 om 16.20

Marcus Lycklama à Nijeholt (17 jannewaris 1573 - 9 augustus 1625) wie in bestjoerder en master. Hy wie de pakesizzer fan Lyckle Eables, stamheit fan de famylje Lycklama à Nijeholt.

Lycklama à Nijeholt studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer. Fan 1604 oant 1610 wie hy dêr heechlerer. Yn 1610 waard hy kurater fan de Frjentsjerter Akademy. Ek waard hy grytman fan Eaststellingwerf en lid fan de Steaten Generaal en die Rie fan Steate. Yn 1623 waard hy de grytman fan Weststellingwerf.

Neist dizze funksjes hat hy ûnder oare ek advokaat yn Ljouwert west.

Yn 1609 is Lycklama à Nijeholt troud mei Perck van Goslinga. Hy leit begroefen yn de tsjerke fan Nijeholtpea.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: