Friisk Foriining: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Wat dinkjes tafoege
Rigel 1:
De '''''Friisk Foriining''''', wat oerset wurde kin as "Fryske Feriening", foarhinne ek wol bekend as de ''Foriining for nationale Friiske'' ("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen"), is ien fan 'e beide grutte kulturele organisaasjes fan it yn 'e [[Dútslân|Dútske]] dielsteat [[Sleeswyk-Holstein]] leine [[Noard-Fryslân]]. Yn 'e fisy fan 'e ''Friisk Foriining'' foarmje de [[Noardfriezen]] as in etnyske en nasjonale minderheid yn [[Dútslân]]; as heechste doel hat de ''Foriining'' om in [[Noardfrysk|Noardfryske standerttaal]] te kreëarjen, dy't dan yn alle sektoaren fan 'e maatskippij op foet fan gelikensens mei it [[Dútsk]] komme moat te stean.
 
== Skiednis ==
De ''Foriining'' waard yn [[1923]] oprjochte as de ''Friesisch-Schleswigsche Verein'' ("Frysk-Sleeswykske Feriening") en feroare syn namme yn [[1935]] yn ''Foriining for nationale Friiske''. Fan it begjin ôf oan wie it in deensksinnige organisaasje, dy't besocht mear rjochten foar de [[Noardfriezen]] en harren taal te krijen. Dêrmei stie de ''Foriining'' linerjocht foar de Noardfryske Feriening (''Nordfriesische Verein'') oer, dy't de Noardfryske kultuer as neat mear as in Dútske streekidentiteit beskôge. De twastriid tusken de beide organisaasjes bestie fuort oant yn 'e sechstiger jierren fan 'e tweintichste ieu en brocht de [[Noardfrysk|Noardfryske]] taalstriid in protte skea ta. Lange tiid waard it skeel geande holden troch persoanlike rivaliteiten en antypatyen tusken de foarsitter fan 'e ''Foriining'', [[Johannes Oldsen]], en de NFV-foaroanman [[Rudolf Muuß]].
=== Ynterbellum ===
De ''Foriining'' waard yn [[1923]] oprjochte as de ''Friesisch-Schleswigsche Verein'' ("Frysk-Sleeswykske Feriening") en feroare syn namme yn [[1935]] yn ''Foriining for nationale Friiske''. Fan it begjin ôf oan wie it in deensksinnige organisaasje, dy't besocht mear rjochten foar de [[Noardfriezen]] en harren taal te krijen. [[Ofbyld:Oldsen.jpg|thumb|Johannes Oldsen]] Dêrmei stie de ''Foriining'' linerjocht foar de Noardfryske Feriening (''Nordfriesische Verein'') oer, dy't de Noardfryske kultuer as neat mear as in Dútske streekidentiteit beskôge. De twastriid tusken de beide organisaasjes bestie fuort oant yn 'e sechstiger jierren fan 'e tweintichste ieu en brocht de [[Noardfrysk|Noardfryske]] taalstriid in protte skea ta. Lange tiid waard it skeel geande holden troch persoanlike rivaliteiten en antypatyen tusken de foarsitter fan 'e ''Foriining'', [[Johannes Oldsen]], en de NFV-foaroanman [[Rudolf Muuß]]. Yn [[1938]] waard alle ûnderwiis yn it Noardfrysk beëinige en doe't in jier letter de [[Twadde Wrâldoarloch]] begûn, waard de oplibbing fan 'e Noardfryske taal en kultuer fan hegerhân hielendal smoard.
 
=== Twadde Wrâldkriich ===
Yn 'e nazytiid waard ''Friisk Foriining'' dan wol net ferbean, mar troch de foarsitter, [[Johannes Oldsen]], in publikaasjeferbod op te lizzen waard der likegoed it near op lein. Boppedat waarden guon fan 'e nasjonalistyske foaroanmannen, dy't harren dêr net by dellizze woenen, oppakt of op oare manearen ferfolge. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] koe de ''Foriining'' in koarte tiid fan grutte bloei, mei't er stipe krige fan 'e ynfloedrike organen fan 'e gruttere [[Súdsleeswykske Denen|Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk]], dy't fia [[Denemark]] waarme relaasjes mei de Alliëarden ûnderhold.
Yn 'e nazytiid waard ''Friisk Foriining'' dan wol net ferbean, mar troch de foarsitter, [[Johannes Oldsen]], in publikaasjeferbod op te lizzen waard der likegoed it near op lein. In oare wichtige foaroanman yn dy tiid wie de dichter [[Jens Emil Mungard]] fan it eilân [[Söl]], dy't him dúdlik tsjin it [[Nazi-Dútslân|nazi bewâld]] oppenearre. Jens Emil Mungard stoar yn [[1940]] yn Konsintraasjekamp Sachsenhausen omdat er him as Fries fersette tsjin de nazi-polityk <ref>[http://www.jensmungard.dk/ jensmungard.dk]</ref>.
 
Yn 'e nazytiid waard ''Friisk Foriining'' dan wol net ferbean, mar troch de foarsitter, [[Johannes Oldsen]], in publikaasjeferbod op te lizzen waard der likegoed it near op lein. Boppedat waarden guon fan 'e nasjonalistyske foaroanmannen, dy't harren dêr net by dellizze woenen, oppakt of op oare manearen ferfolge. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] koe de ''Foriining'' in koarte tiid fan grutte bloei, mei't er stipe krige fan 'e ynfloedrike organen fan 'e gruttere [[Súdsleeswykske Denen|Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk]], dy't fia [[Denemark]] waarme relaasjes mei de Alliëarden ûnderhold.
 
== Moderne tiid ==
Tsjintwurdich hat de ''Friisk Foriining'' sa'n 600 leden. It haadkertier stiet yn it doarp Aaster-Beergem ([[Dútsk]]: Ost-Bargum). De ''Foriining'' fersoarget eltse hjerst in folkshegeskoallekursus [[Noardfrysk]] (de saneamde ''Harfsthuuchschölj''), organisearret foar de Noardfryske jongerein útwikselingsprogramma's mei oare minderheden yn [[Jeropa]] en is tige belutsen by de promoasje fan it [[Noardfrysk]] troch de moderne media. Fierders is der in nauwe gearwurking mei de Noardfryske jongereinorganisaasje ''Rökefloose'' ("Ravensswaarm"), dêr't Noardfrysktalige sporteveneminten foar bern en jongerein mei organisearre wurde.
 
Ek yn 'e polityk is de ''Foriining'' aktyf. Om't sa'n lytse minderheid by lanlike en dielsteatsferkiezings fansels gjin foet oan 'e grûn krije kin, hat de ''Foriining'' him oansletten by de ''Sydslesvigsk Forening'' ("Súdsleeswykske Feriening"), de kulturele organisaasje fan 'e [[Súdsleeswykske Denen|Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk]] en sadwaande ek by de politike earm dêrfan, de ''Sydslesvigsk Vælgerforening'' ("Súdsleeswykske Stim-mersferiening"), dy't in garandearre sit hat yn 'e [[Sleeswyk-Holstein|Sleeswyksk-Holsteinske]] lândei.
 
=== Gearwurking ===
Boppedat hat de ''Friisk Foriining'', tegearre mei de [[Noardfryske Feriening]], de ''Heimatbund Landschaft Eiderstedt'', de Feriening fan it [[Noardfrysk Ynstitút]] en de gemeente [[Hilgelân]] sitting yn 'e ''Frasche Redj'' of ''Freeske Räid'' ("[[Noardfryske Rie]]"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e [[Noardfryske taal]], kontakten mei oare minderheden yn [[Dútslân]] ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e [[Grutfryske Rie]] foarmet.
 
Ek is de ''Foriining'' lid fan 'e Federale Uny fan Jeropeeske Nasjonale Minderheden en fan it nasjonale komitee fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân yn it Jeropeeske Buro foar Minder Brûkte Talen (EBLUL).
 
== Ferwizing nei boarne==
<div class="references-small">
<references/>
</div>
 
== EksterneKeppeling Keppelingsom utens ==
 
* [http://www.friiske.de Friisk Foriining] (<small>''Noardfrysk, Ingelsk, Dútsk, Deensk)''</small>
* [http://www.roekefloose.de Jongereinorganisaasje ''Rökefloose''] (<small>''Noardfrysk, Dútsk)''</small>
 
[[Kategory:Noardfrysk]]