Plaknamme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 36:
==Offisjele listen==
Nei de oarloch binne der in soad dûbeltalige komboerden komd by Fryske plakken.
Letter hat in tal gemeenten der foar keazen de Frysktalige plaknammen ta offisjele plaknammen te meitsjen. De gemeenten dêr't it oant no ta om giet binne: [[Boarnsterhim]], [[Dantumadiel]], [[Ferwerderadiel]], [[Littenseradiel]] en [[Tytsjerksteradiel]]. Yn de fyftiger jierren fan de foarige ieu hie it regear yn De Haach besletten dat der mar ien toponym offisjeel wêze koe. Troch de komst fan de [[kompjûter]] drigen dêrtroch benammen de Fryske nammen blokkearre te wurden. De [[PTT]] fûn it omneamen eins te djoer; der wie doe noch net safolle automatisearre; it postkoadeboek en de telefoanboeken moasten omset wurde en mear fan soks. Boppedat wie doe ek it befolkingsregister - no Gemeentlike Basis Administraasje - noch net digitaal.
By it ynfieren fan de nije stavering yn [[1984]] binne der ôfspraken makke oer de krekte stavering. Yn it [[Frysk Wurdboek]] steane de gruttere plakken en doarpen neamd.
Noch altyd is der betizing oer de stavering fan Fryske nammen. Yn [[1997]] is der in standertlist mei Fryske Plaknammen útjûn troch de [[Ried fan de Fryske Beweging]].