Filips de Goede: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: thumb|right|300px|Filips de Goede '''Filips de Goede''', ek wol neamd '''Filips III fan Boergonje''' (Dijon, 31 july 1396Brugge, [[…
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 19 feb 2009 om 23.40

Filips de Goede, ek wol neamd Filips III fan Boergonje (Dijon, 31 july 1396Brugge, 15 juny 1467) wie hartoch fan Boergonje fan 1419 oant syn dea. As lânshear fan Graafskip Flaanderen, Hartochdom Brabân, Graafskip Namen, Greefskip Hollân, Hartochdom Limburch hat hy de basis lein fan de naasjefoarming yn de Nederlânen. Hy hat ek in koarte tiid Greve west fan Charolais. Filips is de stifter fan de Oarder fan it Gouden Flues.

Filips de Goede

Libben

Nei de dea fan syn Heit, Jan sûnder Eangst folge Filips him op yn it Hartochdom Boergonje en yn de greefskippen Flaanderen en Arteseesje. Hy waard ek baas fan it greefskip Namen yn 1429, de hartochdommen Braban en hartochdom Limburch troch erfopfolging fan Filips fan Saint-Pol (1430) Greefskip Hollân, Greefskip seelân en Greefskip Henegouwen yn 1433 en yn 1451 hartochdom Luksemboarch. (1451)

Nei de moard op syn heit woe hy net al te folle fan dwaan haw mei [Frankryk]. Hy begûn nei de grutte ekspânsje fan syn ryk him te rjochtsjen op de ynterne konsolidaasje fan al dy gebieten. Yn syn rol as hear fan de Nederlânske gewesten fierde hy in soad herfoarmingen yn dy’t it bestjoer oer syn gebieten makliker moasten meitsje. Hy begûn mei de ynfiering fan in sintraal bestjoer foar alle Nederlânske gewesten en ek in sintrale rjochtspraak fierde hy yn. Tink oan de grutte ried fan Mechelen. Ek fierde Filips de goede in sintrale inning fan belestingen yn, dit yn de foarm fan in ien inkele som fan jild foar it hiele gebied. Hoe oft dit opbrocht moast wurde moasten sy self beslute troch in goeie ferdielssleutel te meitsjen. Om dit oerlis mooglik te meitsjen waard troch Filips de Steaten-Generaal oprjochte. Dizze Steaten-Generaal waard foar it earst oproppen yn 1464 yn Brugge. Dizze maatrigelen mei al dy sintrale ynstellingen fan Filips lei de basis foar de Nederlannen as lân. De gewesten waarden konfrontearre mei it feit dat se gesamelike belangen hienen omdat se ien foarst hienen.

By de earste fergadering fan de Steaten-Generaal waard it regintskip besprutsen. Filips woe graach op krústocht. Mar yn 1465 foar dat hy fuort soe sakke hy fuort yn gekte en syn soan Karel de Stoute naam doe de touwen yn hannen.

Famylje

Filips de Goede wie de soan fan Jan sûnder Eangsten Margaretha van Beieren-Straubing en troude trije kear.

Earste houwelik mei Michelle van Valois (1395-1422),
Twadde houwelik mei Bonne van Artesië (1396-1425),
Tredde houwelik op 7 jannewaris 1430 te Sluis mei Isabella fan Portegal. Sy krigen ien bern: Karel de Stoute (1433-1477).

Filips hie 30 kende maitressen en 18 butenechtelike bern

Antoine en Corneille soenen syn lievelings basterds westhaw. Sy droegen (earst Corneille, dan Antoine) de titel fan Grut basterd fan Boergonje.


 
Wapenskild fan Filips de Goede nei 1430

Bûtenlânse polityk

Diplomatyk gie Filips de Goede folle foarsichtiger te wurk dan syn heit Jan sûnder Eangsten of syn soan Karel de Stoute. Hy makke handich gebrûk fan de twastriid tusken Ingelân en Frankryk yn de tiid fan de hûndert jierrige oarloch. Mar hy woe him net echt minge yn it konflikt. Yn in kampanje tsjin compiegne arrestearre hy Jeanne d’Arc, dy’t hy útlevere oan de Ingelsen. Úteinlik twong hy yn 1435 de Frânske kening ta in frede my de namme frede fan Atrecht. Yn 1436 beslute hy ta in belis fan Calais om dizze stêd fan de Ingelsken ôf te pakken. Mar dit mislearre. Syn fjirder ekspânsje polityk wie foaral basearre op erfenissen en it opkeapjen fan titels.

Rykdommen fan it hof

It Boergondyske ryk omfette de tichtbefolke en it rykste gebied fan west Jeropa. Net tafallich liet Filips de Goede him dan ek neame "grand duc d'occitaine" (grutte hartoch fan it westen). Hy joech hjir hiel dúdlik mei oan dat hy ûnôfhinklik wie fan Frankryk. Hoewol de boargers yn de steden mear en mear privileezjes krigen en mear ekonomyske macht profitearjen de aristokrasy op wielderige manier mei fan de rykdom fan it hof. Dat ute him yn grutte útjeften om klean en keunstfoarwerpen te keapjen. It skynt selfs sa te wêzen dat oan it hof fan Filips de Goede yn de perioade 1444-1446 oant 2 persint fan ynkomstenbegrutting is spandearre oan de oankeap fan goud bekleide stof en side. De Oarder fan it Gouden Flues wie ferneamd om de grutte feesten. Filips boude skitterjende paleizen lykas Coudenberg yn Brussel, Palais de ducs yn Dijon. Filips de Goede fûn in tapijt moaier mar unde syn bewald berikte de skilderkeunst in toppunt mei masters lykas Van Eyck en Rogier van der Weyden. De Boergondyske skoalle ûntstie út in elite fan musisy Gilles Binchois, Robert Morton en letter Guillaume Dufay dy’t allegear tsjinne yn de hofkapel fan de hartoggen.

 
Filips de Goede op in miniatuur skildere troch Rogier van der Weyden

Dea en begraafplak

Filips de Goede ferstoar yn Brugge op 15 juny 1467. De hiele stêd wie yn djippe rou. In roustoet en 20.000 taskôgers soenen him begeliede nei de Sint-Donaas katedraal wer hy seremonieel te hof brocht is. Yn 1467 besliste Karel de Stoute om it stoffelik oerskot fan syn heit nei syn útdruklike winsk oer te bringen nei it paleis fan de hartoggen fan Boergonje yn Dijon. Inkel it hert en de yngewanden, dy’t al apart wienen bewarre binne efterbleaun yn Brugge.