Salomon Levy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
L keppeling om utens bestiet net mear
alle gefallen
Rigel 10:
Earne yn de earmoedige omkriten fan De Westerein en Kollumersweach moat er wenne hawwe mei de likernôch like âlde Fokje Theunes (1759, [[Boerum]]). Njonken Theunis krigen se noch twa famkes, Ytje en Aaltje.
 
It wie yn de [[Fryske Wâlden|Wâlden]] eartiids gjin fetpot en Levy hie muoite om syn kostje by inoar te skarreljen. Hy soe foar lytse fergripen fjouwer kear foar it gerjocht ferskine. Mooglik spile lykwols ek syn joadsk komôf mei by de beskuldigings. Yn alle gefalgefallen waard er mar ien kear feroardiele, ta in jier tichthûs foar it oanbieden fan stellen guod.
 
==Kollumer oproer==
Syn belutsenens by it Kollumer Oproer fan [[3 febrewaris|3]] en [[4 febrewaris]] [[1797]] soe him lykwols needlottich wurde. De direkte oanlieding fan dat opskuor wie de arrestaasje fan in drinkebroer, [[Abele Reitses]] dy't yn in herberch lûd ferkundige dat alles stikken better wie doe't de prins der noch wie en Fryslân noch in autonoom gewest wie. Salomon Levy soe oanfierder west hawwe fan in ploech rebellen dy't Reitses yn Kollum ûntset hawwe. Boppedat soe hy de bekende patriot [[Abel Keuning]] drige hawwe "oan repen te snijen". Keuning waard letter by [[Dokkum]] yndied molestearre.
 
Begjin [[1797]] waard [[Jan Binnes]] foar syn oandiel yn it Kollumer Oproer yn Ljouwert ta de deastref feroardiele. Salomon Levy dûkte ûnder maarmar waard in jier letter dochs oppakt. Hy hat altyd ûntkend dat hy de lieder fan it oproer wie en sei dat er sels twongen wie om mei te dwaan. De tsjûgen bestimpele er as ûnbetrouwber en leageneftich. Lykwols waard er foar syn oanpart yn it oproer ta de dea wiisd. Op 17 maart 1798 kaam Levy yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] oan syn ein.
 
==Literatuer==