Gert-Jan Veenstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Gert-Jan Veenstra''' ( Warkum, 11 april 1957) is in byldzjend keunstner út de stêd Snits. Gert-Jan groeide op yn Wytmarsum en tekene al jong mei h…
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 20 feb 2009 om 21.00

Gert-Jan Veenstra ( Warkum, 11 april 1957) is in byldzjend keunstner út de stêd Snits.

Gert-Jan groeide op yn Wytmarsum en tekene al jong mei houtskoal. It sykjen nei de goede kleur en ljochtfal binne tige wichtich foar him. Hy wurket yn de realistyske styl fan de âlde masters. Syn lânskippen mei wolken, stedsgesichten en seetaferielen dogge realistysk, nostalgysk oan. De tiid liket dan faak stil te stean. Dochs liket de meastenttids tige detaillearre ôfbylding nea op in foto trochdat Veenstra in ynterpretaasje fan it ûnderwerp jaan wol.

Eksposysjes fan syn wurken wienen û.o. te sjen yn Schoorl, Offenwier', by it Sudergemaal en yn de stêd Grins .

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: