Ferskil tusken ferzjes fan "Fryske Frijheid"

De deaslach op greve [[Arnulf]] yn [[993]] liket it earste teken fan de ''Libertas'' fan de Friezen. Dizze Fryske graaf sneuvele doe't er besocht de opstannige lju fan him ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve [[Hindrik de Fette]] yn [[1101]] wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de ''Fryske frijheid''.
 
Dy Frijheid waard op 3 novimber [[1248]] troch de Roomske Kening [[Willem II fan Hollân|Willem II]] oan de Friezen befêstige. Dat die er neidat er help krige hie fan de Friezen by it belis fan de stêd [[Aken (stêd)|Aken]]. Hy wie nammentlik tsjin-kening fan it [[Freark II fan it Hillige Roomske Ryk|Hillige Roomske ryk]], tsjin de kroande keizer [[Freark II]]. Yn [[1417]] waard de Fryske Frijheid op 'e nij befêstige, mar nor troch in foarst sûnder tsjinfoarst, keizer [[Sigismund fan it Hillige Roomske Ryk|Sigismund]], dy't Fryslân ta ''ryksûnmidlik'' gebiet ferkleare. Tsjin disse befêstigings fan de Fryske Frijheid oer stiet lykwols dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, lykas yn de 14e ieu [[Loadewyk IV fan it Hillige Roomske Ryk|Loadewyk IV]] oan de grêven fan [[Hollân]].
 
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[Karelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]]. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de [[Magnusfane]]. In oare feklearing is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stêdbrannen fan de 15e ieu ferbaarne is.
Neist de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht werom te gripen op ''âld'' rjocht lykas dat fêstlein wie yn de [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten]]. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhald fan it rjocht, mar stjitte it ôftwingjen fan dat rjocht op swierichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûnbrutsen de middels om him dêrta te twingen.
 
In oar gefoch fan it ûntbrekken fan in drekt gesach wienen dat de [[partijstriid]], de twisten lykas tusken [[Skieringers en Fetkeapers]], him yn Fryslân yn de laach fan de bestjoerders ôfspile, de [[haadling]]en, yn stee fan yn it laach fan hearskers. De twisten waarden dêrtroch yn Fryslân persoanliker, wat ek gearhong mei it rjocht op [[bloedwraak]] dat bestean bleaun is oant de [[Saksentiid|Saksyske Tiidtiid]].
 
==Ein==
19.956

bewurkings