Piets Althuis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oer it byld yn Warkum
Rigel 1:
'''Piets Althuis''' ( [[Warkum]], [[1942]] ) is in byldzjend keunstner en skoaljuffer út [[Warkum]]. Se folge earst in oplieding foar LU-Tekenjen. Se hat sa'n 25 jier by [[Swol]] wenne en kaam doe werom nei Warkum. Yn de tachtiger jierren begûn se mei it meitsjen fan bylden en folge tagelyk in oplieding byldhouwen oan de Frije Akademy foar Byldzjende keunsten en hat in eigen atelier yn Warkum.
 
Wurden út gedichten, ferhalen en ferskes binne faak it begjin fan har bylden. De bylden ( meast fan brûns ) krije dan ek faak in namme mei. Yn [[2006]] fierde Piets dat se 25 jier keunstner wie. Dêrby ferskynde in boek en waard it byld 'Moeting op it plein' ûntwurpen. DitIt asbestiet earebetoanút oanfiif itminsken, merkeplein- fantwa Warkumfolwoeksenen en trije bern- op it Warkumer plein. It byld symbolisearret alle moetings dy't de keunstneresse alle jierren hân hat mei opdrachtjouwers en galerygasten.
 
Doel is altyd om de bylden licht lykje te litten. Alle bylden steane dan ek rjochtop en binne fan trije kanten te besjen. Har motto is dan ek: "In byld is nea swier, ek al kinst it net optille". Se fergeliket keunst wol mei leafde en freonskip, it net te fetsjen mar it is der wol..
 
Wurk fan Piets Althuis is oankocht troch de gemeenten [[Skarsterlân]] en [Nijefurd]]. Har wurk wurdt ek as priis brûkt om wurdearring blike te litten oan minsken dy't dat fertsjinje.