Hans Vredeman de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 8:
Yn [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] wie hy benammen aktyf as festingbouyngenieur. Yn [[1583]] skreau hy it boek ''Hortorum viridariorumque... formae'', in wurk dat fan grut belang wie foar de ûntwikkeling fan de [[tún]]arjitektuer, omdat it de earste printsearje wie yn de westerske keunst, dy't hielendal oan tunen wijd wie. Hy lei hjiryn de [[renêssânse]]-ynfloeden dy't út [[Itaalje]] oerkamen, op syn eigen manier út dêr't hy it eigen karakter fan de Nederlânske - en [[Flaanderen|Flaamske]] túnarsjitektuer troch skoep. Elke print toant in tún, fan boppenôf besjoen, mei parterres fan geometryske fjilden, knipte hagen, beammen, blommen hikken, portalen, leafgongen, paviljoenen, bassins en fonteinen. Yn de yndividuele titels fan van de blêden binne de tunen assosearre mei de trije pylderoarders, te witten de [[Doryske oarder|Doryske]], de [[Ionysk oarder|Ionyske]] en de [[Korintysk]]e oarder.
 
Nei de besetting fan Antwerpen yn 1585 troch de [[Alessandro Farnese (1545-1592)|hartoch fan Parma]] ferliet ek Vredeman de Vries de stêd mei syn twadde frou Sara fan Elsmer. Hy krige dêrnei opdrachten yn [[Frankfurt am Main]] en [[Wolfenbüttel (stêd)|Wolfenbüttel]] om in grêftegurdle om de stêd oan te lizzen. Mooglik krige hy dêrnei de fraach om in kanaal tusken de [[Weser]] en de [[Elbe]] te ûntwerpen. Hy gie nei [[Hamburch]] doe't syn opdrachtjouwer [[Julius fan Brunswijk-Lüneburg]] stoar en de opfolger it projekt ôfblaasde. Vredeman wurke tusken 1592 en 1595 oan ferskate opdrachten yn Danzig (it hjoeddeiske [[Gdansk]]) en gie nei [[Praach]] dêr't hy tegearre mei syn soan Paul de keizerlike keunstgalerij ûntwurp. Yn 1600 liet hy him ynskriuwe as poarter fan Amsterdam. Yn 1604 besocht hy in oanstelling te krijen om wiskunde te dosearen oan de [[Universiteit Leien|Universiteit fan Leien]]. Oer it jier en it plak dêr't Vredeman de Vries stoar bestiet grutte ûndúdlikheid.
 
[[Ofbyld:Alchemist's Laboratory, Heinrich Khunrath, Amphitheatrum sapientiae aeternae, 1595.jpg|250px|thumb|right|It laboratoarium fan de algemist (1595) troch Hans Vredeman de Vries]]