Greefskip Mid-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
 
No edit summary
Rigel 5:
 
==Gebiet==
Mid-Fryslân hat fjouwer greven hân, dy't tagelyk greve fan [[Brunswyk]] wienen en sadwaande ''Brunoanen'' neamd wurde. Harren gebiet wie ynearsten gearstald út de goaën [[Sudergoa]] (ek wol it ''greefskip Starum'' neamd), [[Eastergoa]] en [[Westergoa]]; fierders hienen de Brunoanen ek de [[Sallân|Iselgoa]] yn besit. Letter krigen de Mid-Fryske greven ek de rjochten oer de [[Grins|Grinzer]] goaën [[Hunsingoa]] en [[Fivelingoa]] derby. Omdat itharren hiele amtsgebiet yn distiiddizze tiid tusken de geografyske gebieten [[West-Fryslân]] en [[East-Fryslân]] lei, wurdt tsjintwurdich ek wol sein fan 'Mid-Fryslân'.
 
Yn de 11e ieu wie it Greeflik bewâld yn Mid-Fryslân stiif ferankere, sa't bliken doch út de sulveren munten mei greeflike ôfbyldingen dy't fûn binne. Dizze munten waarden ûnder oaren slein yn [[Starum]], [[BolswertBoalsert (stêd)|Boalsert]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. De munten binne op in protte plakken fûn en meastentiids yn grutte oantallen. .
 
==Ein==
[[Hindrik IV fan it Hillige Roomske Ryk|Keizer Hindrik IV]] joech Mid-Fryslân yn [[1088]] (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan [[Stift Utert|Utert]]. Dat wie net neitsjin it sin fan greef [[Egbert II]], dy't tsjin keizer Hindrik IV (syn neef) yn opstân kaam. Nei Egberts dea yn [[1090]] folge [[Hindrik de Fette|Hindrik fan Northeim]] (de Fette) him op as greef fan Mid-Fryslân. Hindrik de Fette waard op [[10 april]] [[1101]] fermoare troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei de dea fan dizze greef einiget it tiidrek fan de greven en set it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] útein, dêr't de Friezen harren sa goed as selsstannich yn bestjoere, nettsjinsteande oanspraken fan de Hollân en Utert op it gebiet.