Falentinianus I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
pannoanje
Rigel 3:
 
==Libben==
Falentinianus waard berne yn [[Cibalis]] (tsjinwurdich Vinkovci), yn it suden fan [[PannoonjePannoanje]]. Syn heit wie [[Gratianus de âldere]], in bekend en respektearre generaal. Falentinianus makke sels ek opgong yn it leger, hy wie kavalery-oanfierder by [[Julianus Apostata]], doe dizze noch [[Caesar]] wie ûnder [[Konstantius II]]. Dizze hienen lykwols in protte rûzje mei inoar, wêrtroch Falentinianus ûntslein waard út it leger troch Konstantius. Falentinianus troude twa kear; earst mei Severa, dy`'t him in soan, [[Gratianus]] joech, en letter mei Jutina, dy't de mem waard fan [[Falentinianus II]] en twa dochters: Galla (de lettere frou fan [[Teodosius de Grutte|Teodosius]]) en Justa.
 
===Opkomst===
Rigel 15:
Saksyske piraten wienen in oare bedriging ûnder Falentinianus syn regear. Dizze piraten wienen bûnmaten fan de [[Pikten]] en de [[Skotten]], en sy plonderje de kusten fan Brittanje en Galje. Yn [[368]] stjoerde Falentinianus [[comes]] [[Teodosius de aldere]] nei Brittanje ta om yn dizze provinsje de rest te werstellen. Dizze generaal wie dêr hiel súksesfol yn, en werneamde dêrnei de provinsje "[[Valentia]]", nei de twa keizers. Teodosius waard dêrnei yn [[372]] nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] ta stjoerd om dêr de opstân fan [[Firmus]] del te slaan. Firmus die himself tekoart neidat hy fernommen hie fan Teodosius syn komst mei it leger.
 
Yn [[374]] wienen de [[Kwaden]], in [[Germanen|Germaanske]] folk dat oan de [[Donau]] libbe, lulk op 'e Romeinen om't dizzen forten boud hienen op wat sy beskôgen as harren eigen gebiet. Dat waard noch fersterke troch de moard op harren kening [[Gabinius]], der't Falentinianus ferantwurdlik foar hâlden waard. De Kwuaden stutsen de Donau oer en plonderen [[PannoonjePannoanje]]. Falentinianus gong dêr yn [[375]] hinne om oarde op saken te stellen mei in grut leger. By in gearkomste mei in fertsjinwurdiger fan de Q
Kwaden waard Falentinianus, dy't bekend stie om syn opfleanende karakter sa lulk oer harren fredesfoarstel dat er fan de opwining in [[hertynfarkt]] krige, dêr't hy oan stoar.