Geiserik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: hu:Geiserik
No edit summary
Rigel 3:
 
==Jeugd en opkomst==
Geiserik waard sirka 389 berne en brocht syn jeugd troch yn de Romeinske provinsje [[PannoonjePannoanje]]. De Fandalen foarmen dêr in [[foederaty]] mei de Romeinen. Hy wie in bastertsoan fan de Fandalenlieder, kening [[Godegisel]]. Om-ende-by [[400]] lutsen de Fandalen fuort en gongen in swalkjend bestean folgjen. Yn [[406]] dienen sy by [[slach by Mainz|Mainz]] in ynfal en foelen [[Galje]] yn. Geiserik die hjir oan mei. Doe't syn heit sneuvele tsjin de [[Franken]] waard dizze opfolge troch syn healbroer [[Gunderik]]. En doe't dizze stoar yn [[428]] waard Geiserik kening. Geizerik ûntwikkele him as in grut strateech en besocht de macht en wolfeart fan syn folk te fergrutsjen. Omdat de Fandalen yn [[Hispania Baetica]] yn Súd-Spanje in protte te lijen hân hienen fan de [[Fisigoaten]], besleat Geiserik om Spanje te ferlitten en mei syn folk nei [[Mauritaanje]] te ferfarren.
 
== it [[Fandaalske ryk]] yn Afrika ==