Moarre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 27:
 
== It kleaster ==
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of Templum Domnini. Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. ItGuon wieûndersykers inbinne âldfan kleaster,betinken dat it kleaster al foaryn 1326 bestie. It is fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, waans abt alle stikken foar Weerd hieltid fersegele.
 
Neffens de Staat van Aanbreng fan 1511, it register wêrút de grûnbelêsting opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit.
 
Yn [[1569]] hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn 1580 namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.
 
Yn'e 18de ieu stie der neffens J. Stellingwerf noch in gebou mei goatyske merken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.
 
== Mienskip ==