Hijum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: en:Hijum
+ wikilink
Rigel 14:
== Gebouwen ==
=== Mariëngaarder Mûne ===
Oan de Hege Hearrewei by de Hijumer Feart stie wat lang de iennichste [[nôtmûne]] fan Ljouwerteradiel west hat. Dit wie de ''Mariëngaarder Mûne'', ek wol ''Menaarder'', ''Bilgarder'' of ''Bilgaarder Mûne'' neamd. Der wurdt wol tocht dat dizze mûne troch it kleaster stifte is. Letter kaam der in partikuliere mealder. Yn [[1869]] is de mûne ôfbaarnd en dat wie de ein fan dizze mûne. Hjir sit in ferhaal oan fêst. De lêste mealder, Papma, woe wol fan de mûne ôf. Hy fûn in keaper foar 3.000 gûne en joech dy lok. Mar letter betocht Papma him wer en de nije eigener woe him de mûne wol wer ferkeapje. Papma koe de mûne foar 4.500 gûne wer weromkeapje. Papma hat dat dien, mar hy bekroade him wol oer dy 1.500 gûne dy’t hy tajaan moast. Syn húshâldster wist dêr wol rie op. De mûne wie foar 5.000 gûne tsjin brân fersekere; as de reade hoanne kraaide dan sprong Papma der noch mei winst út. Sa barde it dan dat de mûne yn ‘e brân fleach. Allinne begûn doe it gewisse fan de húshâldster te sprekken en se joech harsels as dieder oan.
 
=== Herfoarme tsjerke ===