Heinrich Schliemann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 mrt 2009 om 21.07

Johann Ludwig Heinrich Julius Schliemann (Neubuckow, 6 jannewaris 1822 - Napels, 26 desimber 1890) wie in Dútsk argeolooch. Hy is bekend wurden troch syn fûnst fan it âlde Troje, en jildt as ien fan de pioniers op dat flak.

Dr. H. Schliemann

Biografy

Schliemann waard berne as soan fan in dûmny en makke sels karriêre as hanneler. Yn 1841 waard hy op hannelsmissy nei Fenezuela stjoerd, mar liede skipbrek foar de Nederlânske kust, en waard hanneler foar in Amsterdamske firma. Yn 1846 waard hy de agint fan de firma yn Sint Petersburch, yn [[Ruslân. Hy wie dêrby sa suksesfol dat hy it jier derop syn eigen hannelsfirma oprjochte koe. Under mear yn it Kalifornje fan de goudkoarts en yn de Krimoarloch wreide hy syn kapitaal noch iens enoarm út.

Yn 1864 luts Schliemann him út de hannel werom. Hy makke in wrâldreis, studearre oan de Universiteit fan Sorbonne, en yn 1868 besocht hy Grikenlân en Turkije. Nei eigen sizzen seach hy Pınarbaşi oan, dat op dat stuit troch de measte eksperts foar Troje holden waard, besleat dat it net mei de Ilias oerien kaam, en socht ferfolgens nei in bettere kandidaat, dy't hy fûn yn de foarm fan Hisarlık. Of dat ek yn wurklikheid sa gongen is, is net wiss, it is ek mooglik dat it net Schliemanns eigen fêststellings wienen, mar dat er troch Frank Calvert oerhelle is om by Hisarlık te gien sykjen.

Yn alle gefallen, nei inkele proefopgravings yn 1870, begûn Schliemann yn 1871 mei de opgravings yn Hisarlık, dat yndied Troje die blike te wêzen. Hy edie ferskate opwine fynsten, de meast ferneamde dêrfan is de 'goudskat fan Priamus', dy't net terjochte troch Schliemann sa neaamd waard - yn werklikheid wie de laach dêr't hy sels fan tocht dat it, it Troje wie fan de Trojaanske Kriich, mear as 1000 jierren âlder. Hy fûn dizze laach tsjin de ein fan syn earste rige opgravings yn Troje, yn 1873.

Hjirnei teach Schliemann nei Mycene, wêr't hy it graf fan Agamemnon hope te finen. Hy fûn op 'e nij grutte skatte, wêrûnder it 'deadenmasker fan Agamemnon', alhoewol't yn dat gefal op 'e nij bliken die dat syn fynsten dúdlik âlder wienen as de Trojaanske Kriich.

Yn 1878-1879 groef Schliemann wer yn Troje, yn 1880-1881 wie de stêd Orchomenus yn Boeotië oan de beurt. Dêrnei soe der noch twa kear opgravings dwaan yn Troje (1882 en 1890), en socht er yn Tiryns (1884-1885). Hy die ek noch wat lytsere proefopgravings op oare plakken.

Troch syn opgravings hie Schliemann in tige grutte samling argeologysken yn syn besit, dy't hy wei joech oan it Dútske Ryk, sadat syn kolleksje yn har totaliteit sjoen wurde koe yn in oantal nei him ferneamde salen yn it "Königlich-Preußischen Völkerkundemuseum"yn Berlyn.

Beoordeling

It wurk dat Schlieman dien hat is tige wichtich west foar de argeology. Syn fynsten brochten de âldheid en de argeology ûnder de oandacht fan it grutte publiek. Dêrnjonken is syn oanstryd om alles sa gau mooglik te publisearren, dat foaral ynjûn waard troch syn winsk om troch de wittenskiplike elite erkend te wurden, tige nuttich west foar de kennis fan dit tiidrek. In oare wichtige bydrage fan Schliemann wie syn ynsjoch dat ierdewurkstilen in wichtige kaai foarme om de fynsten goed datearren te kinnen.

Kollega's út lettere tiden hawwe Schliemann lykwols ek kritisearren omdat er him yn it begjin mear dwaande holde mei skatgraven dan mei argeology. Sa soed er, doe hy yn Mycene it 'grêf fan Agamemnon' fûn hie, syn helpers nei hús stjoerd hawwe. Hy woe alles sels opgraven, sadat alles yn syn eigen hannel bleau. Troch him binne parten fan jongere lagen fan Troje, yn syn entûsjasme it 'Homeryske' Troje te finen, foar altyd ferneatige wurden. Ter ferdigening fan Schliemann wurdt it argumint oanfiere dat yn syn tiid de argeology noch yn de berneskoegen stie, en dat it net earlike wêze soe om him nei noarmen fan tsjintwurdich te beoardielen.

In oar punt fan krityk op Schliemann is dat er in soad autobiografyske details simpelwei fersonnen hat, dêr't hy it foar lettere biografen soms frijwol ûnmooglik makke hat om de juste feiten fêst te stellen. Sa is bygelyks it bekende ferhaal dat Schliemann de 'skat fan Priamus' by in op ynstoarten stiende muorre yn de sjaal fan syn frou yn feilichheid brocht sûnder mear ligen: Sophia Schliemann hie op it momint fan de fynst de opgravings al ferlitten om wegens de dea fan har heit nei Grikelân werom te kearen.

As lêste wurdt Schliemann ferwiten dat er net earlik wie yn syn hannel. In protte fan syn weardefolle fynsten hat er yn it geheim fan Turkije nei Grikelân smokkelt. Op dizze wize hat er de eask dat de helte fan alle fynsten oan de Turkske steat jûn wurde moast omsile kinnen.

Wurk

  • Ithaka, der Peleponnes und Troja (1869)
  • Mykenä (1878)
  • Ilios (1881)
  • Troja (1884)


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Birgit Brandau: Troia: Eine Stadt und ihr Mythos