Heinrich Schliemann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Schliemann waard berne as soan fan in [[dûmny]] en makke sels karriêre as hanneler. Yn 1841 waard hy op hannelsmissy nei [[Fenezuela]] stjoerd, mar liede skipbrek foar de [[Nederlân]]ske kust, en waard hanneler foar in [[Amsterdam]]ske firma. Yn 1846 waard hy de agint fan de firma yn [[Sint Petersburch]], yn [[Ruslân]]. Hy wie dêrby sa suksesfol dat hy it jier derop syn eigen hannelsfirma oprjochtsje koe. Under mear yn it [[Kalifornje]] fan de [[goudkoarts]] en yn de [[Krimoarloch]] wreide hy syn kapitaal noch iens tige út.
 
Yn 1864 luts Schliemann him út de hannel werom. Hy makke in wrâldreis, studearre oan de Universiteit fan [[Sorbonne]], en yn [[1868]] besocht hy [[Grikenlân]] en [[Turkije]]. Nei eigen sizzen seach hy Pınarbaşi oan, dat op dat stuit troch de measte eksperts foar [[Troje]] holden waard, besleat dat it net mei de [[Ilias]] oerien kaam, en socht ferfolgens nei in bettere kandidaat, dy't hy fûn yn de foarm fan Hisarlık. Of dat ek yn wurklikheid sa gongen is, is net wis, it is ek mooglik dat it net Schliemanns eigen fêststellings wienen, mar dat er troch [[Frank Calvert]] oerhelle is om by Hisarlık sykjen te gean.
Rigel 13:
Yn 1878-1879 groef Schliemann wer yn Troje, yn 1880-1881 wie de stêd [[Orchomenus]] yn [[Boeotsje]] oan de beurt. Dêrnei soe der noch twa kear opgravings dwaan yn Troje (1882 en 1890), en socht er yn [[Tiryns]] (1884-1885). Hy die ek noch wat lytsere proefopgravings op oare plakken.
 
Troch syn opgravings hie Schliemann in tige grutte samling argeologyske fynsten yn syn besit, dy't hy wei joech oan it [[Dútske Ryk]], sadat syn kolleksje yn har totaliteit toand wurde koe yn in oantal nei him ferneamde sealen yn it "Königlich-Preußischen Völkerkundemuseum" yn [[Berlyn]].
 
== Beoardieling ==