Federaasje fan Fryske Studinteferienings: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
No edit summary
Rigel 1:
De Federaasje fan Fryske Studinteferienings, hjirnei ôfkoarten as 'de Federaasje', is in gearwurkingsferbân fan Fryske studinteferienings. Op it stuit binne der trije ferienings oansletten: De Mokumer Mjitte út Amsterdam, de F.F.J. Bernlef út Grins en it W.S.S.F.S. út Wageningen.
 
Fia de Federaasje ûnderhâlde de studinteferienings kontakten mei tal fan Fryske organisaasjes. Sa hat de Federaasje fertsjinwurdigers sitten yn De Ried fan de Fryske Beweging, De Fryske Ried en it Europeesk Buro foar de lytse talen.
 
De Federaasje is net allinnich in oerlisorgaan, der binne ek tal fan aktiviteiten. It pronkstikje fan de Federaasje is dochs wol it jierlikse Krystkongres yn Frjentsjer. Alle jierren wurdt dit organisearre tusken Kryst en Nijjier. Meastentiids wurdt der dan in foarumdiskusje hâlden wêryn't de studinten harren fyzje jaan kinne oer in bepaald tema. Ek is der alle jierren wer in Kabaretkriich mei dat selde tema. Nei it serieuze part is der fansels ek tiid foar wat ûntspanning dat de jûns is der gauris grut feest en der wurdt dan ek noch striden om de Bierkëlka. Foar de simmer wurdt der foar de oansletten selskippen in kamp organisearre. Yn de ûneven jierren is dat it Amelânkamp, op in even jiertal wurdt der in Sylkamp organisearre. Ek is der alle jierren in 'federaasje-keatswedstriid'.
 
Om dit alles yn goede banen te lieden hat de Federaasje fansels in Bestjoer dat gearstald is út de leden fan de ferskillende oansletten selskippen. Foar tal fan saken binne der ek noch kommisjes dy't it bestjoer in protte wurk út hannen nimme.