Boyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: en:Boijl
Rigel 14:
 
==Skiednis==
Fan it doarp Boijl wurdt foar it earst yn de oarkunde fan [[9 septimber]] [[1320]] melding makke (Berkelbach van Sprengel 1937, no 458.). BlikensUt in institúsjebrief fan [[20 juny]] [[1509]] wiedocht bliken dat de tsjerke oan Sint Maarten wijd wie. (AAU, dl 42 (1916) blz 287). De tsjerke sûnder toer is boud yn de [[13e ieu]]. De [[Klokkestuollen yn Fryslân|klokkestoel]] komt út [[1600]] en is yn [[1904]] renovearre. Yn de tsjerke hinget in yn [[1339]] getten klok, mei de namme Martinus. De tsjerkeklok yn de klokkestoel is ien fan de âldste fan Nederlân, en hat as [[râneskrift]]: ''Ende Lut bequame, Martines Klock is mijn name. In't jaer van ons Heeren 1399.''
 
Van der Aa (diel 2 bls. 369) seit oer de situaasje yn it doarp omtrint 1850: 'van dit dorp ligge de huizen, ter wederzijde van de kerk, in het geboomte verspreid. Men telt, met de daaronder behoorende buurtjes Boekholt en Rijserpekamp, 300 inw., alle Herv., die tot de gemeente Noordwolde - en - Beuil behooren, en hier eene kerk zonder toren hebben'.
 
==Namme==
Boijl kin har namme oan ferskillende saken ûntliend hawwe. It is lestich, omdat it op âlde kaarten skreaun wurdt as Buil, Beul en as Beuil. Wylst it yn de foarlopige banbrief fan biskop Guydo fan Utert yn de fjirtjinde ieu sels Boylo neamd wurdt. Mooglik hat men it Beul neamd (lykas de bewenners it no noch neame) nei beulje = hurd wurkje. Hurder as normaal, omdat de grûn dreger as earne oars te bewurkjen wie. It kin ek buil wêze = beult, as it lykas no noch heger as de omjouwing lei. Net sa frjemd, want fanwege de oerstreamingen fêstige men him leaver wat heger. It kin ek komme fan it âldfryske beile, it Fryske bule of Nederlânske bûl dat rûning, swelling betsjut. Dat it yn boskryk gebiet lei tsjut it lo = bosk út it neamde Boylo oan.