Wikipedy:Wêrom soe ik meidwaan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
*Om't Wikipedia wier in unyk projekt is. Dit is sa't it wrâld-wiid web oarspronklik miend wie: iepen en frije útwikseling fan witten en ynformaasje.
*Om't Wikipedia waakst troch ienriedige gearwurking fan hûnderten (faaks tûzenen) frijwilligers de wrâld oer (sa neamde [[Wikipedy:Wikipedianen|Wikipedianen]]).
*Om't meidwaan inyn sa'n [[Wikipedy:Brân mar los|frije sfear]] in soad minsken oansprekt. Wikipedia hat gjin offisjieel bestjoer, gjin direksje, gjin haad- of einredakteur; eltsenien dy't meidocht hat in likegrutte stim yn it kapittel; eltsenien wurdt likefolle wurdeare. Is der in ferskil fan miening, of soe der in konflikt wêze, dan komme we dêr mei oerlis, mei respekt en mei goede manieren suver altyd wêr út, Hoe't dat kin? Om't eltsenien foar eagen hâldt wat it wichtichste is: we binne dwaande mei it meitsjen fan in unike ensyklopedy, en dêr wolle we graach mei trochgean.
*Om't, al wie dat net wat guon minsken tochten, de kwaliteit fan de measte siden hieltyd heger wurdt, krekt troch dat men inoar syn bydrage feroarje en tafoegje kin. En om't, wat langer it projekt rint, wat mear minsken mei útdjipt witten it yn útdaging fine en doch hjir oan mei. Sa is it fernaam in âldere Wikipedia's.
*Om't it tige aardich en befredigjend wêze kin jins witten en kriich te ynvestearjen yn sa'n boeiend projekt.