Al-Aksamoskee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: fr:Mosquée al-Aqsa
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 2:
[[Ofbyld:Klaagmuur-aqsa-1991.jpg|thumb|right|Al-Aksamoskee sjoen fan it plein ôf foar de [[Westmuorre]]]]
 
De '''Al-Aksamoskee''' ([[Arabysk]] <big><big>المسجد الأقصى</big></big> ''al-masjid ul-aqsā'', "De fierste moskee") is boud op de súdside fan de [[Timpelberch]] yn [[Jeruzalem]] njonken de [[Rotskoepel]], in oar islamitysk hillichdom. Op de [[Kaaba]] yn [[Mekka]] en [[moskee fan de profeet]] yn [[Medina]] nei is it de tredde ferneamdste hillichdom fan de [[Islam|Islamiten]]. De Al-Aksamoskee is de grutste moskee fan Jeruzalem en dêryn is plak foar om-ende-by 5000 minsken.
 
De âldste ynformaasje dy't wy ta ús foldwaan hawwe is in beskriuwing fan de moskee troch [[Sophronius]]. Neffens syn ferslach wie it in rûch houten gebedsplak foar de soldaten fan kalyf [[Omar]]. [[Moe'awija]], eartiids generaal fan Omar en letter sels ek kalyf liet him der yn kroane.<ref>(sjoch at-Tabari, fol. 2, side 4; Masudi, fol. 5, side 14)</ref> It hjoeddeiske stiennen gebou datearret fan [[660]]. De nije kalyf, dy't oer it generaal freedsume relaasjes ûnderhâlde mei it [[Byzantynske Ryk]] krige by de bou help fan ûngefear 200 Byzantynske arsjitekten en boufakkers. De Byzantynske ynfloed is noch altyd goed te sjen oan de boustyl fan it gebou.