Steedhâlder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: fi, ka, nds-nl, pt
tikflaterkes
Rigel 10:
== Steedhâlders yn de Republyk ==
[[Ofbyld:Gerrit van Honthorst - Frederik Henderik van Nassau, prins van Oranje en Stadhouder.jpg|thumb|right|[[Freark Hindrik fan Nassau]] hat Steedhâlder west fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân en Oerisel.]]
SteedhoudersSteedhâlders spilen in grutte rol by de opstân yn de [[Nederlannen]]. Nei de [[Tachtichjierrige Oarloch]] wie de steedhâlder net langer de plabesetterplakbesetter fan de lânshear. De funksje fan steedhâlder waard yn it generaal lykwols yn eare hâlden, benammen as legeroanfierder. Elts gewest koe syn eigen steedhâlder kieze, mar almeast wienen der twa steedhâlders: Ien foar [[Fryslân]] en [[Grins]] en in oar foar [[Hollân]], [[Seelân]] en [[Utert]]. De oare parten fan de Republyk, lykas [[Gelre]] en [[Oerisel]] wikselen wat dit oangie tusken de steedhâlders. Dit ferskil ûntstie om't de noardlike gewesten [[Willem fan Oranje]] in sterke legerfunksje jaan woenen, oars as it ferstjinwurdigjen fan de gewestlike steaten, wylst Hollân dizze funksjes krekt gearfoege.
 
[[Willem II fan Oranje-Nassau|Willem II]] luts yn [[1650]] alle macht yn syn gewesten,
Hollân, Seelân, Utert, Gelre en Oerisel, oan de steedhâlder. By syn ferstjerren dat jier wie syn soan noch net berne, dat de gewesten seachenseagen harren kâns om de macht werom te nimmen, en beneamden gjin nije steedhâlder. Sadwaande ûntstie yn dy gewesten it [[Earste Steedhâlderleas Tiidrek]]. DitDat duorre oant [[1672]], doe't yn it [[Rampjier]] wer behoefte ûntstie oan in sterke lieder, wêrtroch [[Willem II fan Oranje-Nassau|Willem III]] dochs noch ta steedhâlder beneamd waard. Fan doe ôf waard de funksje fan steedhâlder yn dy gewesten erflik ferklearre yn de manlike line.
 
Yn [[1702]] ferstoar Willem III sûnder bern en deselde gewesten besleaten op 'e nij om gjin steedhâlder te beneamen, wat it begjin wie fan harren [[Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek]]. Oan dat tiidrek kaam in ein doe't hieltiten mear gewesten dy't [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]], erfgenamt fan Oranje en steedhâlder fan Fryslân, ta erfsteedhâlder beneamden. Fan [[1747]] ôf hie de Republyk foar it earst ien mienskipslike steedhâlder, erfsteedhâlder Willem IV. Hy ferfarre syn hof fan [[Ljouwert]] nei [[De Haach]] ferhuze. Dat jier waard it steedhâlderskip ek erflik ferklearre yn de froulike line.