Ferskil tusken ferzjes fan "Wikipedy:Dochs wat regels"

keppelings
L (Folchoarder fan minste datering nei bêst datering werombrocht.)
(keppelings)
== Ien fêste regel ==
Der is mar ien fêste regel: Foar al ús bydragen jilde de fjouwer '''F'''-en:
* '''F'''rysk: Us teksten moatte yn it Frysk wêze. (Oars binne der ek [[Wikipedy:Wikipedia yn oare talen|Wikipedyen inyn oare talen]].)
* '''F'''eitlik: Wat yn ús teksten stiet moat echt sa wêze.
* '''F'''rij fan rjocht: Alle bydragen moatte frij fan rjochten wêze. Se moatte ûnder de [[GNU/FDL|GNU Iepen Dokumentaasje Lisinsje]] falle, of ûnder in lykweardiche lisinsje, of se moatte publyk besit wêze.
* '''F'''rij fan oardiel: wat yn ús teksten stiet, mei net kleure wêze troch ús eigen fisy. As eat fan mear kanten besjoen wurde kin, dan moatte wy ek wier de ferskate kanten yn ús teksten opnimme. Dit is in ensyklopedy, dus de teksten moatte [[Wikipedy:objektivens|objektyf]] wêze.
 
==Oare regels==
* Bou in ensyklopedy. Foegje ta wat yn in ensyklopedy heart, en betink wêr't it stean moat. As jo eat oan in side tafoegje wolle, betink dan earst of it geskikt is. As it by de side past, skriuw it dan wêr't it yn de tekst ynpast wurde kin, en pas de tekst deromhinne ek oan. Mar datselde jildt ek as jo in nije side tafoegje. Betink ek dan of it mêd geskikt is foar de wikipedy, hokfoar titel geskikt is, en wêr't de side teplak is, en pas oare siden oan en keppelje se mei de nije side.
 
* Meitsje [[Wikipedy:keppelings om utens]]. Fansels is it baas om ynformaasje oer te nimmen op ús eigen siden, mar somtiden kin dat net. Yn sa'n gefal, mar ek om oan te jaan hokfoar boarnen jo foar in side brûkt hawwe, kinne jo keppelings tafoegje nei siden bûten de Wikipedy. Dy keppelings wurde dan as in aparte rige ûnderoan de side skreaun.
 
* Meitsje siden net te wyld. Brûk kleuren en fette, skeane en gruttere letters allinnich as dat wier in doel hat. En foar keppelings jildt itselde. Besykje keppelings allinnich ta te foegjen as in lêzer der brûk fan meitsje soe. Dat betsjut ek dat it meast gjin doel hat en nim twa kear deselde keppeling op op deselde side.