Minske-offer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: lt:Žmonių aukojimas
Rigel 9:
De [[Azteken]] fan sintraal [[Meksiko]], dy't om 'e praktyk bekendstienen, leauden dat se libben yn 'e fyfde wrâld. De fjouwer foargeande wrâlden wienen elts einige yn in apokalyptyske ferneatiging troch it ferstjerren fan 'e sinne, nei't de goaden harren kosmyske striid tsjin 'e demoanen ferlern hienen. Neffens de myte offeren alle goaden útsein de leffe [[Xolotl]], de god fan 'e meunsters en alles dat dûbeld is, lykas twillingen, oan it begjin fan 'e fyfde wrâld harren bloed om in nije sinne te meitsjen. De Azteekske offerrituëlen, útfierd boppe-op 'e piramidefoarmige ''Grutte Timpel'' yn it sintrum fan [[Tenochtitlán]], it hjoeddeiske [[Meksiko-Stêd]], wienen dêrom bedoeld as fuortsterkjend iten foar de goaden, sadat it opgean fan 'e sinne feilichsteld wurde soe.
 
Under de ferskillende offers hienen minske-offers it measte oansjen en de preferearre metoade derfoar wie it útskuorren fan it noch klopjende hert. Om sa offere te wurden, waard sjoen as in ear dy't talitting ta de himel wis makke. Dêrom lieten guon lju harren frijwillich offerje; de measte offere minsken wienen lykwols kriichsfinzen fijannen, wylst oan 'e reingod [[Tláloc]] benammen bern offere waarden. Nei it útfieren fan it offerritueel waard de holle fan 'e offere persoan ôfhoud en op in dêrfoar bestimd bordes fan 'e timpel lein. It lichem waard fan it offerplatfoarm treaun en yn in ritueel [[kannibalisme|kannibalistysk]] miel, dêr't ek it gewoane folk oan dielnaam, opiten. De reden wêrom't fral de Azteken mei minske-offers assosjearre wurde, wylst dy ek troch in protte oare folken brocht waarden, leit poer yn 'e ferbjusterjende skaal dêr't de Azteken se op útfierden. Sa waarden by de ynwijing fan 'e Grutte TImpelTimpel, yn [[1487]], troch de Azteekske keizer [[Ahuizotl]] 20.000 kriichsfinzenen offere.
 
== Maya's ==