Ferskil tusken ferzjes fan "Gregoarius fan Toers"

bertedatum
(bertedatum)
[[Ofbyld:Gregoryfantoers.jpg|right|thumb|250px]]
'''Gregorius fan Toers''' (folút: Georgius Florentius Gregorius, ±[[538]] - † tusken 592-596) wie in Gallo-Romeinske [[biskop]] en [[skiedkundige]].
 
Hy wie biskop fan [[Toers]] fan [[573]] oant likernôch [[594]]. Gregorius is foaral bekend wurden as de skriuwer fan de ''Decem Libri Historiae'' (tsien boeken oer de skiednis fan de [[Franken|Frankyske]] [[Merovingen]]) en harren keninkriken, begjinnend mei de skepping fan de wrâld (steunend op oare, âldere boarnen) oan it jier [[592]] ta. Gregorius fan Toers hat ek noch in samling [[hagiografy|hilligenlibbens]] oanlein, nammentlik it ''Liber vitae patrum'' (Boek mei hilligenlibbens).
 
=== Eftergrûn ===
Gregorius waard yn [[537]] berne yn it hjoeddeiske [[Clermont-Ferrand]] (destiids hiet it [[Arverna]]) as telch fan in tige ynfloedrike famylje fan Gallo-Romeinske adel, dy't nei harren eigen sizzen ôfstamme fan de út de [[2e ieu]]ske Gallo-Romeinske [[senator]] Fettius Epagathus, tiidgenoat fan biskop [[Irenaeus]] fan [[Lyon]]. Oarspronklik wie syn namme Georgius Florentius, mar út earbied foar syn omke Gregorius (biskop fan Langres) naam hy dy syn namme oan. Ferskeidene fan syn famylje wienen earder al biskop west fan stêden as [[Lyon]], [[Langres]], Klermont en ek Toers. Gregorius kleemde sels dat sawat alle biskoppen fan dy stêd mear of minder famylje fan him wienen.
Syn broer Petrus wie diaken yn Langres en waard yn 572 fermoarde.
 
=== Rol as biskop ===
In protte biskoppen út dy tiid wienen njonken geastlik lieder ek polityk lieder fan de stêden dêr't sy setelen. As aartsbiskop fan Toers hie Gregorius in wichtige posysje yn it politike libben. Hy koe dan ek in soad barren út syn tiid út eigen ûnderfining beskriuwe. It is seker dat Gregorius in striidfeardich man wie, dy't opkaam foar de bedrigings foar de Tsjerke fan Rome. Dat gou benammen foar alles dat heidensk wie of heidensk west wie. Ek oer it [[arianisme]] yn it [[Fisigoaten|Fisigoatyske]] keninkryk út dy tiid hie hy neat goeds te sizzen. Oer de Joadske mienskip wie hy likemin posityf.
 
=== Decem libri historiae ===
[[Ofbyld:ParisBibNatMSLat17655GregToursInitialP.jpg|left|thumb|150px|Side út de skiednis fan de Franken]]
Syn 'tjien boeken skiednis' binne fierút de iennige beskikbere boarnen oer de skiednis fan de [[Frankyske Ryk|Frankyske riken]] nei de dea fan [[Klovis]]. As aartsbiskop fan Toers wie Gregorius yn de posysje om't politike ferwikkelings fan tichby mei te meitsjen, omdat hy as aartsbiskop sels diel útmakke fan it politike bestjoer.
56.994

bewurkings