Gerkeskleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
plak berjocht
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 18:
 
==Skiednis==
Yn it earstoan lei hjir de delsetting ''Wigerathorp''. De grutgrûnbesitter Gercke Harkema út [[Twizel]] liet der yn [[1240]] troch muontsen út it kleaster [[Klaarkamp]] in [[kleaster]] stiftsje, ''Jeruzalem'' neamd, dat yn [[1249]] yn de [[Cisterciënzers|Sistersjenzer kleasteroarder]] opnomd waard. Der waard teffens in tsjerke stiften, wêrtroch't de delsetting ien fan de acht [[kerspel]]s (tsjerkedoarpen) waard. Yn de praktyk waard it kleaster ''Gerckes' kleaster'' neamd. Dy namme gie oer op de delsetting. De nôtmole fan dat kleaster hat der wierskynlik oant [[5801580]] stien.
 
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] soe yn [[1571]] de klok út de tsjerketoer stellen wêze ferkocht. Oare boarnen sizze dat de klok yn [[1503]] troch de wettergeuzen fuortrôve waard. Yn elts gefal hinget de klok no yn de tsjerke fan de [[Denemark|Deenske]] plak [[Gadstrup]] (op [[Seeland]]). Doe't Fryslân oergie op it [[protestantisme]] waard it kleaster yn [[1580]] ôfbrutsen. Allinnich de [[brouwerij]] fan it kleaster bleau stean. Dizze waard op [[7 augustus]] [[1629]] as tsjerke yn gebrûk nommen. De tsjerke waard yn [[1786]] fergrutte en ferhege, en waard yn [[1974]]-[[1975]] opnij ferboud. Yn [[1926]] waard ek in gereformearde tsjerke boud.
 
Fan [[1913]] oant [[1991]] wie yn Gerkeskleaster in [[stienfabryk]]. De [[molkfabryk]], dy't om [[1900]] boud waard, is tsjintwurdich in ûnderdiel fan it suvelkonsern [[Friesland Foods]].
 
==Mienskip==
It doarpshûs hjit "Rehobot" en de doarpskrante. Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Stifting Doarps Aktiviteiten. It doarp hat ien skoalle, "De Claercamp".