Skyten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|250px|Gebiet fan de Skyten 100 f. Kr. De '''Skyten''' wienen in Indo-Jeropeeske nomadysk folk fan Iraanske komôf dat earti…
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 apr 2009 om 18.25

De Skyten wienen in Indo-Jeropeeske nomadysk folk fan Iraanske komôf dat eartiids (7e ieu f.Kr.- 2e ieu n. Kr.) libbe op de flakten fan Sintraal-Aazje en dy't harren fan dêrút nei de gebieten oan de Swarte See ta setten. Sy waarden letter troch de Sarmaten ferdreaun. It gebiet dêr't sy setelt wienen rikte oant en mei Lyts-Aazje en it suden fan Palestina.

Gebiet fan de Skyten 100 f. Kr.

It meastepart fan de ynformaasje oer de Skyten dêr't wy oer beskikke komt fan de Grykske histoarikus Herodotus (s. 440 f.Kr.) yn syn History, en fan argeologyske fynsten dien yn Oekraïne en it suden fan Ruslân.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.