Wikipedy:Wêrom soe ik meidwaan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 1:
VERMOOORRRRRRRRRRRRRRRRRDD! :D
=== Wêrom soenen jo mei dwaan? ===
*Om't Wikipedia wier in unyk projekt is. Dit is sa't it wrâld-wiid web oarspronklik miend wie: iepen en frije útwikseling fan witten en ynformaasje.
*Om't Wikipedia waakst troch ienriedige gearwurking fan hûnderten (faaks tûzenen) frijwilligers de wrâld oer (saneamde [[Wikipedy:Wikipedianen|Wikipedianen]]).
*Om't meidwaan yn sa'n [[Wikipedy:Brân mar los|frije sfear]] in soad minsken oansprekt. Wikipedia hat gjin offisjieel bestjoer, gjin direksje, gjin haad- of einredakteur; eltsenien dy't meidocht hat in likegrutte stim yn it kapittel; eltsenien wurdt likefolle wurdeare. Is der in ferskil fan miening, of soe der in konflikt wêze, dan komme we dêr mei oerlis, mei respekt en mei goede manieren suver altyd wer út, Hoe't dat kin? Om't eltsenien foar eagen hâldt wat it wichtichste is: we binne dwaande mei it meitsjen fan in unike ensyklopedy, en dêr wolle we graach mei trochgean.
*Om't, al wie dat net wat guon minsken tochten, de kwaliteit fan de measte siden hieltyd heger wurdt, krekt troch dat men inoar syn bydrage feroarje en tafoegje kin. En om't, wat langer it projekt rint, wat mear minsken mei útdjipt witten it yn útdaging fine en doch hjir oan mei. Sa is it gien by âldere Wikipedia's.
*Om't it tige aardich en befredigjend wêze kin jins witten en kriich te ynvestearjen yn sa'n boeiend projekt.
*Om't jo sels in soad ferlet ha kinne fan it garjen en trochjaan fan witten.
*Om't aanst alle Friezen (tink bygelyks oan skoalbern, krantelju, studinten, hobbyisten en oare nijsgjirrigen) mei troch jo ynspannings yn harren memmetaal de ynformaasje fine sille dy't ja hawwe wolle.
*Om't dizze boarne fan witten aanst in wichtige rol spylje kin foar it behâld fan de Fryske taal en kultuer.
 
: Eins soe der yn eltse taal in Wikipedia-ensyklopedy wêze moatte; dêrfan is men op it stuit mei sa'n tweintich dwaande. Guon, lykas dizze Fryske Wikipedia, komme wat stadich op gleed. Minsken, jo útsûndere fansels, stappe no ienkear makliker op in ridende wein as op ien dy't noch oantreaun wurde moat.. As jo no daliks meidogge, dan komme die oaren ek wol.
 
=== Hoe kinne jo meidwaan? ===