Frâns fan Anzjû: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: thumb|right|300px|Frans fan Anjou '''Frans Hercules''' (of François-Hercule) '''van Valois''' (Parys, 18 maart 1555 - Château-Thierry, [[10 ju…
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 apr 2009 om 10.52

Frans Hercules (of François-Hercule) van Valois (Parys, 18 maart 1555 - Château-Thierry, 10 juny 1584), Hartoch van Anjou, wie de jongste soan fan kening Hendrik II fan Frankryk en Catharina de Medici. Hy wie de jongere broer fan de Frânske keningen Frans II, Karel IX en Hendrik III en waakste as katolyk op yn de tiid fan de eskalearjende hugenoaten oarlogen wêryn Spanje en Ingelân har ek soenen minge.

Frans fan Anjou

By syn berte krige hy de titel hartoch fan Alencon, mar by de troansbestiging fan syn broer Hendrik yn 1575 naam hy syn oarsrponkelike titel hartoch fan Anjou oer. Hy waard no de earst folgjende yn de line fan de Frânske troan. Hy as kroanprins fan in grut lân dat tsjinwicht moast biede tsjin Spanje soe syn fjirdere libben bepale.

Yn 1579 gie hy nei Ingelân foar in polityk houlik mei Elizabeth I fan Ingelân. Sy mocht him wol mar hy wie 22 jier jonger en hy wie boppedat Katolyk. Dit foel net goed by it Ingelske folk. Derby kaam dat it bekend wie dat syn mem Catharina haadferantwurdlik wie foar de romrofte Bartelomeusnacht yn 1572. De Ingelske woenen soksoarte fan problemen net haw. De ferloving levere him de bynamme op “myn kikkertsje”. Ek hat Elizabeth persoanlik in gedicht skreaun oan him mei de namme."On Monsieur’s Departure" mar yn it ein draaide it op niks út.

Yn 1581 kaam Frans van Anjou nei de Nederlannen. Hy waard troch de Steaten-Generaal oansteld as soeverein foarst. De opstannelingen hopen dat de Frânsen harren soenen mingen yn de kriich tsjin Spanje. Frans fan Anjou easke dat de Nederlânen har ûnôfhinklik soe ferklearje fan Spanje. Dat wie ek logysk omdat hy binnen wie helle om as soeverein foarst te regearen. Dus dat barde yn 1581 mei de akte fan ferlatinghe. Mar de kar foar Anjou wie dôchs in fergissing. De hartoch dy’t net in soad politike macht hie krigen hâld him mear dwaande mei feesten dan mei it regearen. Ek hjir wurke it feit dat hy katolyk wie net mei. Doe't yn 1582 in oanslach waard plege op it libben fan Willem fan Oranje tochten in soad minsken dat Anjou der iets mei te meitsjen hie.

Teloarsteld yn syn by rol, beslutte Frans fan Anjou om syn macht te fergrutsjen. Yn jannewaris 1583 waarden inkele steden yn Flaanderen en Brabân folset mei Frânske garnizoenen. Dit om ferfolgens de grutste Nederlânske stêd Antwerpen by ferrassing yn te nimmen. De ynwenner hienen de Spaanske fuery fan 1576 noch farsk yn it geheugen en hienen dan ek net folle op mei al dy bûtenlânske soldaten. Sy freesden in Frânske fuery. De 1500 man sterke striidmacht waard yn in hinderlaach lokke en gruttendiels ôfslachte. De posysje fan Anjou wie net langer hâldber. Anjou ferliet derop de Nederlannen yn juny 1583. Hy ferstoar op 10 juny oan tuberkuloaze. Mei syn dea wie it ôfrûn mei de Frânske stipe foar de opstân.