Gitersken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
L Tynje -> De Tynje
Rigel 7:
 
It meitsjen fan turf gie hjir troch lange [[pet]]ten te graven mei stripen der tusken om de turf op te droegjen. Sa ûntstiene lânskippen as
yn [[De Deelen]] by [[De Tynje]] en [[Aldeboarn]]. De Gitersken brûkten in nije foarm fan turf meitsjen,. Se brûkten [[baggelbûgel]]s, in soarte fan skepnetten dêr't se de modder fan de boaiem mei op de wâl lutsen. Sa waard de hiele feanlaach weihelle. Wat oerbleau wiene grutte wetterplassen lykas it [[Nannewiid]].
 
[[Grytman]] [[Johan Vegelin van Claerbergen]] warskôge doe al foar it gefaar foar oerstreaming en it ferswakjen fan de diken troch dizze grutte feanplassen. Hy kaam hjirmei tsjinoer de Gitersken te stean dy't graach safolle mooglik turf meitsje woenen. Yn febrewaris [[1825]] soarge in hurde stoarm foar grutte oerstreamings dy't de diken fan de Sudersee stikken sloech. It sâlte wetter kaam oan [[De Gordyk]] en [[Langsweagen]] oant [[Drachten]] en [[Beetstersweach]] Fryslân yn. De earmoede waard doe noch grutter en wie yn de [[19e ieu]] op syn slimst. Yn it [[Damshûs]] yn [[Nij Beets]] jout hjir in byld fan.