Westerkertier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat
oanf - it meastepart obf http://nl.wikipedia.org/w/index.php?title=Westerkwartier_(Groningen)&oldid=15148837
Rigel 1:
[[Ofbyld:Locatie Westerkwartier.png|thumb|280px|ItDe lokaasje fan it Westerkertier yn de provinsje [[Grinslân]]]]
It '''Westerkertier''' (Grinslânsk: ''Westerkertaaier'', lokaal: ''Westerkertier'') is in gea yn [[Grinslân]],it tsjinwesten fan de grins meiprovinsje [[FryslânGrinslân]] oan. YnDe itstreek ferlinewurdt hatbeheind ittroch Fryskde west.[[Lauwers]] Yn(dy't itek westende fangrins itmei Westerkertier[[Fryslân]] (de doarpen:is), [[MearumDrinte]], it [[De WylpReitdjip]] en de stêd [[De GrinzerGrins]]. Pein|De Pein]])grutste wurdtplakken nochyn Fryskit sprutsen.Westerkertier Ynbinne de[[De restLike]] wordten [[WesterkertierskSúdhorn]] sprutsen.
 
== Beskriuwing ==
It grutste plak fan it Westerkertier is [[De Like]]. By De Like stiet de boarch [[Nienoord]].
It Westerkertier hjit sa om't it de meast westlike fan de trije [[Ommelannen]] wie. It bestie yn it earstoan út trije ûnderkertieren: [[Fredewold]], [[Langewold]] en [[Humsterlân]]. Letter waard [[Middag]] it fjirde. Oant yn de [[Midsieuwen]] wie it Westerkertier yn wêzen in ûnôfhinklik gebied, dat selsstannich lid wie fan de Ommelander Uny, mar it waard yn [[1594]] by de [[Reduksje fan Grins]] twongen ta oanslúting by de provinsje [[Stad en Lande]]. It hjoeddeiske Westerkertier bestiet út it grûngebied fan de gemeenten [[Grootegast]], [[Mearum (gemeente)|Mearum]], De Like, Súdhorn, en fan de eardere gemeente [[Ezinge]].
 
Lânskiplik bestiet it Westerkertier út twa parten. It noardlike stik is in âld [[kwelder]]gebied fan de [[Lauwerssee]], [[klaai]]lân dat yn de rin fan ieuwen ûnder oaren troch de muontsen fan it [[Kleaster fan Aduard]] op de see wûn is. Dit part fan it Westerkertier wurdt rekkene ta de âldste kultuerlânskippen fan Jeropa en is foardroegen foar de [[Wrâlderfgoedlist]] fan [[UNESCO]]. Om [[800]] hinne wie dit ien fan de meast tichtbefolke parten fan wat no Nederlân is. De minsken wennen der yn [[terpdoarp]]en as Ezinge, [[Oldehove]] en [[Niehove]]. It súdlike part fan it Westerkertier is in sabeare [[kûlisselânskip]], in gebied fan [[sângrûn]] en ôfgroeven [[fean]], dat tekene wurdt troch [[houtwâl]]en en dat in soad hat fan de oanbuorjende [[Fryske Wâlden]]. Doarpen as [[Niekerk]], [[Mearum]] en [[Grootegast]] lizze yn dizze krite op âlde [[sânrêch|sânrêgen]] en binne dan ek [[lintdoarp]]en.
{{stobbe}}
 
== Westerkertiersk ==
Yn de streek wurdt [[Westerkertiersk]] sprutsen. Yn dit dialekt fan it [[Grinslânsk]] binne in soad ynfloeden fan it [[Frysk]] werom te finen, dat yn it Westerkertier oant yn de [[15e ieu|fyftjinde ieu]] de deiske taal wie. Yn de doarpen [[Mearum]], [[De Wylp]] en [[De Grinzer Pein|De Pein]] wurdt ek no noch Frysk sprutsen.
 
== Wetterskip ==
It ''Westerkertier'' wie ek de namme fan in earder [[wetterskip]], dat him bekroade om de wetterhúshâlding yn in gebied dat foar it meastepart gearfoel mei it gea. Yn 1995 is it opgongen yn it wetterskip [[Noorderzijlvest]]. Yn it westlike part fan it Westerkertier wurde wettersaken fersoarge troch it [[Wetterskip Fryslân]]
 
== Keppelingen om utens ==
*[http://www.mienwesterkwartier.nl Mien Westerkwartier, taal en cultuur] (yn it Westerkertierks)
*[http://www.westerkwartier.org/ Werkgroep StreekInitiatief Westerkwartier (WSI)]
 
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]