Tjelal ed-Din Rûmy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sq:Rumi
No edit summary
Rigel 1:
'''Tjelal ed-Din Rûmy''' (Turksk: Celalettin-i-Rûmi, sprek út: Tjelaleddin Roemy) ([[30 septimber]] [[1207]] - [[17 desimber]] [[1273]]) wie in dichter en [[soefisme|soefy mystikus]]. Rumy is ien fan de wichtichste persoanen út de Turkske en Perzyske dichtkeunst. Hy is benammen bekend troch syn religieuze dichten dêr't er God yn priizget. Yn religieuze fermiddens wurdt er ek wol '''Maulana''' of '''Mevlana''' neamd, dat "ús master" bestjut.
Rûmy is berne yn de stêd [[Balkh]] yn de omkriten [[Khorasan]], dat doe yn it ryk lei fan de [[Khwarazmshahs]] en tsjintwurdich yn [[Afganistan]]. Dêrwei ferhuze hy nei [[Tabriz]] yn [[Iran|Perzje]] en letter nei [[Konya]] yn it hjoeddeistige [[Turkije]]. De Khwarazmshahs wienen Turkse hearskers dy't de Perzyske kultuer adoptearre hienen nei it ferfal fan [[Seljoeken|Seljoek]] yn East-Aazje.