Haadmenu iepenje

Changes

 
== Tongerfûgels ==
De kosmology fan ’e [[Noard-Amearika|Noardamerikaanske]] flaktestammen ([[Sioux]], [[CheyenneSajenne]], [[Arapaho]], [[Blackfeet]], [[Crow]], [[Assiniboin]], [[Mandan]], [[Hidatsa]], [[Arikara]], [[Kiowa]], [[Pawnee]], [[Flakte-Ojibwa]], [[Flakte-Cree]], [[Comanche]], [[Osage]], ensfh.) is fierhinne om dierlike fermogens hinne konsintrearre, lykas de krêft fan ’e bizon en de faasje fan ’e antilope. Rûnomferspraat is fierders ek it leauwen yn trije parallelle wrâlden. Under it oerflak fan ’e mar dêr’t de ierde op dreaut, wenje machtige geasten dy’t oer bisten en planten op ’e ierde en yn it wetter hearskje. Boppe de wrâld, yn ’e loft, leit de boppewrâld, dêr’t ferlykbere geasten tahâlde. Ta de machtichsten dêrfan wurde de saneamde [[Tongerfûgel]]s rekkene, dy’t it mei de loaits fan har eagen en de klap fan har wjukken wjerljochtsje en tongerje litte kinne. De ierd- en loftgeasten binne allegeduerigen mei-inoar yn oarloch. De sinne is almeast nau ferbûn mei de Tongerfûgels.
 
== Geastewale ==
19.889

edits