Fierljeppen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Werom sette fan ferzje 193631 fan Special:Contributions/82.73.25.234 (Meidogger_oerlis:82.73.25.234) - da's moai man
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oer de sprong
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
Al op [[5 augustus]] [[1771]] waard de earste offisjele fierljepwedstriid hâlden. De wedstriid fûn plak yn [[Baard]] en waard organiseare troch Nanne Jetses. Sawat twa ieuwen letter, yn [[1960]], waard it [[FryskeFrysk Ljeppers-Boun Bûn]] (FLB) oprjochte. DyDat bûn organisearret mei namme wedstriden yn Fryslân en Grinslân. Sa organisearet deit FLB alle jierren it [[Frysk kampioenskip Fierljeppen]]. Dit wurdt altiten hâlden op de twadde sneon fan augustus, op de skâns fan [[Winsum (Littenseradiel)|Winsum]]. Mei de oprjochting fan it FLB koe in begjin makke wurde mei it strukturearjestrukturearjen fan de fierljep-wedstridenfierljepwedstriden. Tsien jier letter waard it [[Polsbûn Hollân]] oprjochte dat wedstriden yn oare parten fan it lân organisearre.
 
== Sprong ==
De fierljepsprong bestiet út de oanrin nei de pols (dy't yn it wetter klearstiet), de ynsprong, it klimmen nei de top (by de sweef oer it wetter) en in útsprong mei lâning. Eardat de sprong makke wurde kin wurdt de pols earst (troch de ljepper of syn coach) op it krekte plak yn it wetter setten. De ljepper bepaalt sels de ôfstân tusken de ein fan de skâns en wêr't de pols komt te stean. Hoe grutter dizze ôfstân, hoe fierder der sprongen wurde kin, mar evenredich wurdt de kâns op mislearjen fan de sprong (it heljen fan in wietsprong) ek grutter. De pols wurdt mei in gaffelstôk troch de polshâlder op it goede plak holden. Dêrnei rint de ljepper nei it startpunt en jout oanwizings oan de polshâlder om de pols rjocht te setten. Hjirby wurdt as it nedich is rekken holden mei de wynrjochting. Eltse ljepper hat foar it meitsjen fan in sprong twa en in heale minút tiid; earst giet it ljocht op oranje en in heale minút letter op read. Springt de ljepper yn read ljocht, dan sil de sprong ûnjildich ferklearre wurde. Om in lêste oanwizing jaan te kinnen en foar de feilichheid rint der by de oanrin in oare ljepper of in coach mei. Der binne ferskate wizen fan ynspringen, trochswaaien en klimmen. Ek wurde der ferskate útsprongen tapast. Nei de lâning yn it sânbêd wurdt de sprongen ôfstân mjitten, fan de yn it sânbêd oanbrochte mjitline ôf. Dizze leit, mjitten fan de foarkant fan de skâns ôf, by de jonges/froulju op in ôfstân fan 12/13 meter, by de middelste skâns op 14 meter en by de manlju/senioaren skâns op 15 meter. De efterste yndruk yn it sânbêd is foar it mjitten fan de sprongen ôfstân bepalend. De ôfstân wurdt allinich opmjitten at de ljepper binnen de saneamde sektor lâne is. Dizze is oanjûn middels linten befêstige oan de mjitline. Fansels is de ljepper mei de fierste ôfstân de winner. De leden fan de Technyske Kommisje (TK-ers) karre foar elke wedstriid de akkomodaasje en hawwe by de wedstriid de skiedsrjochtersrol.
 
== Rekord ==
Line 39 ⟶ 42:
|}
 
{{boarnen|boarnefernijing=
== Keppelings om utens ==
* [http://www.fierljeppenfriesland.nl Webstee fan deit FLB].
* [http://www.pbholland.com Webstee fan it Polsbûn Hollân].
}}
 
[[Kategory:Fierljeppen]]