Predestinaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
begjinstikje makke
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 26 apr 2009 om 17.04

Predestinaasje is in religeusk begrip út it Kristendom en hâldt yn dat it lot fan in minske al fêstleit noch foardat er berne is. Wat er dus op del komt dat ien neat mear dwaan kin om syn lot te feroarjen.

Jehannes Kalvyn en Maarten Luter

De predestinaasjelear fan Jehannes Kalvyn en Maarten Luter, twa wichtige teologen en tjerkeherfoarmers út de 16e ieu hâlde yn dat God foarôf al bepale hie hoelang, en/ôft in persoan yn it fagefjoer komme soe of noch erger, yn de hel. Maarten Luter wie lykwols redlik faach yn it omskriuwen wat de predestinaasje krekt ynhâlde foar it deistich libben.

Kalvyn wie jurist en dêrtroch better yn it omskriuwen fan it ûnderwerp. Hy definiearre de predestinaasje as decretum horribile ofwol huweringwekkend beslút en skreau wiidweidich oer it ûnderwurp. Hy ferwurp de gedachte dat predestinaasje liede moast ta in lydlike libbenshâlding en spoarde minsken oan hurd te wurkjen. Yn de Nederlânske Republyk foarme de predestinaasje yn de 17e ieu it grutte skeel tusken de remonstranten, dy't har ferwurpen en de kontra-remonstranten, dy't har handaafje woenen.