Pûnsmiet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎21e ieu: nei oerlis oanpast
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling út de LC fan 24 april 2009 'Freed' side 15 (fan Karel Gildemacher.......)
Rigel 2:
 
== Mjitte ==
Stikken lân waarden eartiids in protte beneamd neffens de grutte. It oerflak waard mei in namme oanjûn dy't oerienkaam mei it tal pûnsmietten dat it lân wie.
De pûnsmiet is neffens [[Van Dale]] 36,75 [[are]] grut, mar der binne lytse regionale ferskillen. Begjin [[19e ieu]] waarden de âldemjitten oan de kant skood. Ien Fryske pûnsmiet =wie 1,25 [[mêd (oerflaktemjitte)|mêd]] = 0,5 [[kowegong]] = 3674,3664. It is in sabeare krektens, want in pûnsmiet ferskilde earder fan plak tot plak. Omdat doarpen gauris ferskillende roedes hienen, moatte de pûnsmietten dus ek ferskillend west hawwe.
 
De grûnslach fan de pûnsmiet wurdt foarme troch de ''[[keningsroede]]'': 240 kante keningsroeden meitsje in pûnsmiet. De pûnsmiet wurdt ferdield yn 12 ''einsen'', elk fan 20 kante roeden. De kante roede waard ek wol ''pinningpeinje'' of ''keningsweide'' neamd.
 
Op guon plakken neamde men 1¼ pûnsmiet in ''[[mud (flaktemjitte)|mud]]'' en twa pûnsmiet in ''kowegong''. In heale pûnsmiet waard in ''haid'' neamd.
De wurden dy't yn de mjitterij brûkt wurde, hawwe te meitsjen mei jild. Winliken is mei 'pûn' de wearde fan in pûn sulver bedoeld. Ien pûn bestie út tolve ûns, mar der wiene ek oare ferdielings, en in ûns wie tweintich pinningen
 
== 21e ieu ==