Iere Midsiuwen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Karolingyske Ryk: Pepyn->Pippyn
Rigel 17:
 
====Karolingyske Ryk====
[[PepynPippyn de Koarte]], de hofmeier fan kening [[Gilderik III]] naam yn de [[8e ieu]] de macht oer fan de lêste Merovingyske kening en stifte syn eigen dynasty fan de [[Karolingers]]. Pepyn de Koarte krige dêrby help fan de paus omt syn machtsgreep te rjochtfeardigjen. De Karolingers dienen in soad saken mei de paus en lang om let resultearre dit yn de keizerskroan foar [[Karel de Grutte]]. De ynfloed dy't de [[Byzantynen|Byzantynske]] keizer hie op [[Rome]] waard dêrmei teneate dien. De Karolingers slaggen der fierder ek yn om it oplûken fan de [[moslims]] û.o. yn [[Itaalje]] ta stilstân te bringen.
 
Karel de Grutte waard opfolge troch syn ienichste soan [[Loadewyk de Fromme]], wêrtroch it ryk byinoar bliuwe koe. Loadewyk slagge der lykwols net yn om syn opfolging goed te regeljen mei syn fjouwer soannen. Sy krigen ûnder inoar spul, wêrtroch't dizze perioade fan bruorretwisten late ta de splitsing fan it [[Hillige Roomske Ryk]] yn in [[Frankyske ryk]] ([[Karel de Keale]]), it ryk fan [[Lotharius]] en in [[East-Frankysk|Germaansk Ryk]] ([[Loadewyk de Dútser]]). It ryk fan Lotharius waard nei de dea fan [[Loadewyk de Fromme]] it striidperk fan it Frankyske en Germaanske ryk.