Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
Fan 1417 ôf (it ferstjerren fan greve [[Willem VI fan Hollân|Willem VI]]) gie de striid mear tusken foarstanners (Kabbeljauwen) en tsjinstanners (Hoeken) fan [[Hartochdom Boergonje|Boergonje]]. Greve Willem VI waard opfolge troch syn dochter Jacoba fan Beieren. Net sûnder reden wurdt wol beweard dat sy de flater makke te iensidich op de Hoekske partij te lynjen, wêrtroch sy har, as frou dochs al swakke posysje noch fierder ferswakke. Har omke fan [[Prinsbisdom Luik|Luik]], [[Jan fan Beieren]], liet dan ek syn oanspraken op de macht yn Hollân jilde en keas partij foar de Kabbeljauwen, dy’t yn kloften nei him oerrûnen. Yn [[1418]] oermastere Jan fan Beieren Rotterdam, dat nei it ferstjerren fan Willem VI partij keazen hie foar Jacoba fan Beieren en yn 1420 Leien. Jan fan Beieren ferstoar yn [[1425]] en waard opfolge troch Hartoch fan Boergonje (Filips de Goede).
 
Yn [[Noard-Hollân]] feroare de boel yn [[1426]]. Neidat Jacoba fan Beieren in ûnskuldige Hoarnske boargemasterssoan yn [[Delft]] ta de dea feroardiele liet, keas [[Hoarn]] partij foar Filips fan Boergonje. De [[KinnemerlânKinmerlân|KinnemersKinmers]] dy’t al lang spanningen fielden mei West- Friezen, pikten dit net en besochten Hoarn te ferslaan. De earste fjildslach wie by Aldyk en waard troch Hoarn ferlern. De oare deis waard Hoarn troch soldaten fan Filips út Amsterdam stipe, en waarden de Kennemers by de Noarderpoarte definityf ferslein. Inkele dagen letter makke Filips in reis troch Noard- Hollân, wêrby't alle West-Fryske en Wetterlânske stêden syn kant keazen. Jacoba fan Beieren seach gjin oare útwei dan om nei Gouda werom te lûken. Noard-Hollân waard diel fan it Boergondyske ryk.
 
Op [[3 july]] [[1428]] sleaten Filips fan Boergonje en Jacoba fan Beieren frede mei de [[Tút fan Delft]]. De Tút fan Delft betsjut feitlik it oerjaan fan Jacoba fan Beieren.